Taalbetizing
De beleefdheidsfoarm is wat nuvers mei – alteast yn it Nederlânsk. Hja kinne mar net ta berie komme, oft “u” in twadde of in tredde persoan inkeldtal is…
Hin?
Ja, it is in tredde persoan inkeldtal fan âlds – dat wit eltsenien. Mar no komt it: “Wij voelen u als een tweede persoon, zie?”
Hantsjes thús, asjebleaft! Mar, as ik it goed begryp, binne de krekte foarmen u kan en u zal no ferfongen troch u kunt en u zult, nei analogy fan jij kunt en jij zult?
“Juist, Johannes!”
Wat nijsgjirrich, ju! Dus, de freegjende foarm is no wurden kun u? op de wize fan kun jij?, en zul u? nei de trant fan zul jij?– yn stee fan kan u? sa´t it altyd west hat, en zal u?
“…”
Heb u dat?
“Nou nee, dan spreken wij van kunt u? en zult u? naar analogie van… ehhh…”
Ja, stin dêr mar efkes op om! Dan gean ik yntiid efkes troch. Goed?
Sjuch, it is my allegear likefolle, hear, oft se in fan âlds tredde persoan inkeldtal yn it Hollânsk fierders as in twadde persoan inkeldtal behannelje wolle. Taal is op it lêst in libben organisme, is it net sa! Mar, bliuw yn ´e goedichheid al in bytsje konsekwint!
Wy hawwe yn it Frysk ommers ek gjin swierrichheden en behannelje beleefdheidsfoarmen konsekwint as tredde persoan: Hat heit de brij no alwer opfretten? of Hokfoar wurk docht Ulbe?
Watsjo?
Jo? Ja, jo wurdt yn ús sprake brûkt as in twadde persoan inkeldtal, dat is sa, mar it kriget as persoansfoarm konsekwint it meartal mei – dat haw ik nea oars meimakke. Jo wol? 😉
Ik bedoel, ik haw jit nimmen sizzen heard: jo bist, jo silst of jo wolst.
It Frânsk sille se har ek net gau yn fersinne. Dêr kriget beleefdheidsfoarm vous konsekwint de persoansfoarm fan de twadde persoan meartal mei – si vous voulez.
De Dútsers smite der hielendal mei de mûtse nei – hja jouwe de beleefdheidsfoarm de persoansfoarm fan ´e tredde persoan meartal. Mar – dêr ek wer! – blikslaggerse konsekwint.
De Ingelsken miene dat hja net in beleefdheidsfoarm brûke. Mar, om´t you oarspronklik ôflaat is fan jo en u, soe men likegoed oereinhâlde kinne dat se neat oars dogge.
It Portugeesk ken wittefolle – as it my goed heucht, kaam ik in kear op mear as tritich – beleefdheidsfoarmen en bring ûngelikense gradaasjes yn ôfstân ta útdrukking. Mar as ik efkes útgean fan it Brazyljaansk dêr´t de foarm você (ôflaat fan it âld-Portugeeske vossa mercê = uwe edelheid > u) it meast brûkt wurdt, dan wurdt dêr alsa ek konsekwint de persoansfoarm dy´t heart by de tredde persoan inkeldtal, tapast – of de tredde persoan meartal fansels, by vocês.
Likefolle, men is oeral wakker konsekwint. Allinnich Hollanners meitsje der in potsje fan. En sokke tizekoppen moatte wy Algemien Beskaafd Nederlânsk fan leare? It soe ferbean wurde moatte!
Allgemien Beskaafd Hollânsk? Hu-mân bee-ing beast, hav been.
Is U ‘n 2e of 3e persoan ientall? Persoan’s foàrm U heeft, U hebt.
Dât wit elcenien,” is manipulatiif. Huwe edele genitiif, messieurs.
Men is ‘n hu-mân-ninne. Frohnleichnahm LiebFrauenmilch Jesu.
‘n 2e persoan mei by ôld’s ‘n 3e tiidwörd’s foàrm. ‘t Duutsk Sie is
3e meartall, Frânsk vous 2e meartall, en ‘n majesteit’s meartall?
Probleem by oersetten, ûndertiteljen is, dât yongfriezen je sizze
âs hje dû bedoele, doe saidest fon dû sayst en now fon je sizze.
Jo sizze moàtst undertitelje âs U zegt, secht, net âs jij, je secht.
Dât dân iin ‘t allgemien.
Nee, wol? Is “je” no ek al Frysk? Dat sis ik – taalbetizing!