Sykjen nei bûtenierdsk libben sil it minskdom noch wol in skoftke yn ’e besnijing hâlde

It webstee fan de Volkskrant wifke noch (‘Soe dat ‘m dan wêze?’), mar neffens it AD wie bûtenierdsk libben al suver te bepisjen (‘Nije planeet ûntdutsen mei measte eigenskip fan libben ea’). It tydskrift Astronomy & Astrophysics hie kunde dien fan de fynst fan de planeet Ross 128b. En Ross128b, dy’t rûntsjemealt om de reade dwerchstjer Ross 128, skaait út nei de ierde. Hast like grut, mooglike bywêzigens fan wetter, draachlike temperatueren: leefber.
Govert Schilling lei yn de Volkskrant fuort it near op in al te grut entûsjasme. ‘De kolonisaasje fan ’e planeet en it stiftsjen fan in twadde ierde bliuwt foarhâns in fiere takomstdream.’ Sowieso út reden fan de ôfstân; Ross 128b leit yn ferhâlding deun by (11 ljochtjier) mar dat is al gau sa’n hûnderttûzen jier fleanen. Lokkigernôch komt Ross 128b mei in faasje fan 111 tûzen kilometer yn ’e oere ús kant út, dat oer 79 tûzen jier is er noch mar 6 ljochtjier fan ’e ierde ôf. Yn it universum teskronfelje ús noasjes fan ôfstân en tiid. Dat kin eangje, mar ek gerêststelle.
Yn 2024 sil de nije Jeropeeske Extremely Large Telescope út Sily wei yn detail besjen hoe oft it liket mei de betingsten foar libben op Ross 128b. Schilling: ‘Sadwaande hoopje se ien fan de grutste filosofyske fraachstikken fan de mins beänderje te kinnen: binne wy allinnich yn it hielal?’ Nee, sei de Grykske filosoof en astronoom Demokritos al yn ‘e 4de iuw foar Kristus, ‘it sweeft fan de wrâlden fan ûngelikense grutte. Guon yn glâns en blâns, oare yn it neirinnen. Op plakken ûntsteane se, op oare geane se der stil út of wurde ferneatige troch mei-inoar yn botsing te kommen.’
Neffens de statistyk is it tûzen om trettjin dat fierders nearne yn it hielal libben ûntstien is as inkeld op ierde. It Molkeweistelsel wurdt rûsd op 200 miljard stjerren, de sinne meirekkene. Astronomen roaie dat it stelsel 11 miljard planeten telt dy’t de ierde belykje, en dêr’t alsa libben mooglik is. Neffens de nijste rûzing soene der 2.000 miljard stjerrestelsels wêze yn it universum. Dat bringt it tal leefbere planeten yn it hielal op 22 mei 21 nullen – as ik my net fersin.

Dat der allegeduerigen mear stimmen opgeane dat in multiversum mooglik achte wurde moat – ferskate universums en dat sille der ek wol wer acht miljard wêze tink – lit ik no bûten beskôging, oars koe men wol gek wurde.

Itsij wy binne dochs unyk en dan is der wat mâle singeliers te rêden. Itsij wy binne net unyk en dan is alles sa’t it wêze moat. Dat, it bliuwt noch eefkes in spultsje fan sekuer sykjen.

Dat bringt ús op de saneamde ‘paradoks fan Fermi’, neamd nei de Amerikaanske fysikus Enrico Fermi (1901-1954). De paradoks komt der koartsein op del: ‘Where is everybody?’ As it hielal optilt fan yntelligint libben, wêrom hearre wy dan neat? Ommers, as wy sykje, dan dogge se dat dêrjinsen dochs ek? De grutte wierskynlikens fan yntelligint libben jinsen botst mei it folsleine brek – oant no ta – oan bewiis dêrfan. Wy hawwe sels nin mikrobe bedigere.
Wat sil der barre, hoenear’t it bewiis fan bûtenierdsk libben ál levere wurdt? Sjugge wy it ús oan en sette wy al ús wissichheden yn ‘e kiif, of is ús soks yn tiid fan in wike hiem?

In amerij like der lêstline maaie in sinjaal by Ross 128 wei opheind te wêzen, dat gâns ûnthiet. Mar by better besjen wiene it lûdsjes fan in satellyt. Of se binne op Ross 128b sa skrander dat se harren syksinjalen gean litte kinne foar ierdske satellytlûdsjes, dat kin ek.

You may also like...