Sûnder dij bin ik mysels net
[oersetting fan Little Rock, tophit fan Collin Raye]
Ja, ik wit dat ik in kear as twa ferdwûn
En dat foar ús alhiel ferkeard ferrûn
Ik moast gewoan earne fannijs begjinne
Leafst in plak dêr’t lju harsels tsjinkomme kinne
Ik kin sûnt trije wike Skydam ôfwize
Myn eagen binn’ al klear … sûnder dy dize
It falt my no pas by … wat ik dy die
’t Spyt my dat ik gûlde mei’t ik dy oan ’t tillefoan hie
My tinkt dat ik mysels hjir wol te boppe kom …
Dat moat ek, want myn hjerring bret hjir net
Der is mar ien ding dêr’t ik net oerhinne kom
Sûnder dij, myn pop … bin ik mysels net
Wêrom dochs kroppe ik altyd alles op
Do leaudest grif do stiest my tsjin it krop
‘k Hear noch faak de wurden fan jim heit
‘In man in man, mar in leffert dy’t útnaait.’
My tinkt dat ik mysels hjir wol te boppe kom …
Dat moat ek, want myn hoanne bret hjir net
Der is mar ien ding dêr’t ik net oerhinne kom
Sûnder dij, myn pop … bin ik mysels net
Sa kâld op bêd, al lis ik hjir bewuolle
Tinzen oan dij … mealle my mar troch de holle
Alles wat ik leafhaw, hâlde ik yn eigen hân
Mar it rûn my troch, as wie it neat as los sân
My tinkt dat ik mysels hjir wol te boppe kom …
Dat moat ek, want myn hjerring bret hjir net
Der is mar ien ding dêr’t ik net oerhinne kom
Sûnder dij, myn pop … bin ik mysels net
Sûnder dij … bin ik mysels net
My tinkt dat ik mysels hjir wol te boppe kom …
Recente reacties