Stjerre

“Hja is noch hieltyd by my. Dat hat se my ek tasein, doe’t se al slim siik wie — dat se altyd by my bliuwt. Ik besjuch it sa, Jaap … As wy no nei de stjerrehimel sjugge, sa komme net allinnich de enerzjyweagen fan stjerren op ús ta dy’t der jitte binne, mar ek dy’t al lang lyn útdôve binne. En myn Maria Luiza is sa’n stjer — hja is der faaks net mear, mar har gloede sil al myn libbensdagen by my bliuwe.”

Sjuch, dat fyn ik no it moaie fan ateïsten, hja stalle har eigen leauwe gear.
Neat gjin prefab, mei geboaden en stokken by de doar dêr’t jin de grize fan oer de grouwe giet, mar ienfâldichwei dingen dêr’t men jin noflik by fielt en oanhâld by fynt.
En sa moat it neffens my ek wêze. Wêrom soe men yn ’e goedichheid yn dingen leauwe wolle dêr’t men jin net noflik by fielt?

Net dat ik in bien sykje wol yn prefab, hear. Om de bliksem net! Soks is in útrêding foar lju dy’t it har fan natuere net oan tiid dogge en brûk har de harsens, of foar dyjingen dy’t net botte djip sile. En ik ken ek lju dy’t wol in goed boppewurk hawwe, mar dy’t de prefab fan memmeskurte ôf yndruid is en dy’t net oars mear kinne. Of net oars doare, fjoerbenaud dat se dêr har komôf mei ferleagenje sille.

(Mar wêr soe dit no op ta? Dat komt my langer gauris oer, dat ik mysels mei myn geëamel fan it sjapiter bring.
Ik gean sa’t liket hurd ús mem efternei. Hja koe yn ’t foar al slop fan laitsjen wêze om in bak dy’t se fertelle soe. En dan healwei: “Hoe wie ’t no ek mar wer?”
Hawar, dan mar wer oan it wurk!)

Dit vind je misschien ook leuk...

4 reacties

  1. Sytze T. Hiemstra schreef:

    Eale Jaap,

    Begryp ik it goed? Is dyn oare helte ferstoarn? Dat is gjin goed nijs. As dat sa is, dan in hiele protte sterkte tawinske! It sil net maklik wêze. Myn tinzen binne by dy yn de drege tiid dy’t komt. Sytze

    • Jaap Slager schreef:

      Oe heden, nee, Sytze! Ik moat der net oan tinke!
      Skriuw ik sa besoademitere?
      Wy wiene by in buorman op besite. Syn hûs like wol in museum. En it wie allegeduerigen fan Maria Luiza sus en Maria Luiza sa – oer syn frou dy’t fiif jier lyn ferstoar oan kanker. Doe’t ik him dat yndachtich makke, krige ik dit antwurd (sjuch sitaat oan it begjin). Dat fûn ik moai. En ik fûn it in moai opstapke foar eat wat ik fertelle woe. Allinnich, wat dat no wie … dat wie my yntiid fergetten. Sorry foar it misferstân.

  2. S.T. Hiemstra schreef:

    ‘Lokkich’ lei it dus wat oars! NDF

  1. oktober 19, 2021

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]