Stjerre is stikke
De pet ôf
Ik bin moai wis op ´e knikkert, dat ik hoenear´t ik it wei krij de koekoek net mear roppen hearre sil.
Bytiden gapje ik no al nei de siken – benammen as ik nei CNN sit te sjen en de presidint hat de haffels wer iepen. Dy man is slimmer as de kwaal neffens my. Oars sein, it kroanfirus hat yn ´e presidint syn master fûn. De kroan ôf, hear, want hy hat al wat ûnder de pet! Hokfoar lêzen stiet dêr winliken op? Keep America great? Is it net om te stikken, ju!
Is´t likewol net begrutlik, in folwoeksen keardel mei sa´n bernich petsje op? Soest him net in sint wegerje, wol! Hy sil wol by himsels tinke: As men it mei de pet fertsjinje kin, moat men net in hoed opsette – lit stean fan… in kroan!
Earmtlik
Mar it moat dêr no ienkear sa – foar de moade, sjuch: gimmestykskuon, spikerbroek, sporthimd, petsje. Sa rint alleman der by, yn ´e FS, jeugd sawol as jeld. Allegearre ienheidswoarst! It liket Noard-Koreä wol!
Ik haw gauris by mysels tocht, wannear´t ik dêre – yn ´e FS, bedoel ik, yn in shopping mall of sawathinne – sa´n moai jierrich stel op Nikes foarby stoatskaven seach: Ik sjuch ús pake en beppe al, sa miterich yn ´e klean. Of ús âldelju!
Ik haw ús heit en mem wolris op boatskuon sjoen, hear, sa net, mar dat wie… op it boat.
Mar toe mar, dat is allegearre praat dat gjin fel om ´t gat hat. Wy sitte no raar yn ´t miswaar. Wy sitte no oanklaud mei in sjuchtme fan hjir oan Tokio ta… en wer werom! In goarre dy´t de longen oantaast. En krekt no´t ik it op in prústen set, fanwegen de heakoarts dy´t my alle jierren by ´t maityd hiem is.
Pessimistysk of realistysk
Dat is nammers alsa nuver, dat ik dingen hast altyd oars begryp as oare lju!
Party minsken op it tillefyzje, dy´t – op ´t heden fia Skype of Whatsapp fansels
– in fraachpetear hawwe mei in sjoernalist, is sa´t it skynt it tinkbyld
tagedien, dat se net siik wurde sille salang´t se de oanwizings fan ´e
autoriteiten mar opfolgje. Wylst ik-sei-de-gek just begrepen haw dat it
iennichste doel fan ´e autoriteiten dêrmei is, mei dy oanwizings, dat net
alleman op itselde stuit siik wurdt. Oars sein, wurdt men no net siik,
dan wurdt men dat fan ´t hjerst wol, of takom jier. It opskoppen fan in faksin,
dy´t dan yn ´e grypprip mjuksele wurde kin, giet – neffens lju dy´t dêr witnis
fan ha – wol in pear jier mei hinne, haw ik begrepen.
Stikke
Ik haw in soad fan ús mem. Mar njonken guon geunstige eigenskippen, haw ik ek
in lichte foarm fan klaustrofoby fan har oererve. Net slim, hear, mar yn ´e mjitte
dat men bytiden rjucht op en del op bêd nei de siken gappet, mei de switkobbels
op ´e rêch, om´t men dreamd hat net mear sykhelje te kinnen. En dat men leaver
dea wol as soks nochris troch te meitsjen, hahaha.
Doe´t ik my ferflein hie… Hoe hjit dat? Burnout, ja just!… yn dy
rite hie ik dat suver alle nachten. Dat waard stadichjeswei minder. Dat ik haw
it no noch mar inkeldris.
Mar goed, dat like ús mem in grousume dea ta, stikke. Dat jim kinne wol riede, hoe´t se oan har ein kommen is.
Stjerre
Mar as men it yn jin omgean lit, dan stikt eltsenien as it derop oankomt…
It is wat in nuver sizzen, moat ik tajaan, by de selsmoardterrorist dy´t witwêrsanne
yn withoefolle fellen en bellen útinoar spat is, mar feitliken is dy ek stikt.
Want wat is stjerre? Stjerre is hoenear´t de longen net mear by steat binne de
organen te foarsjen yn harren ferlet fan soerstof.
Koartsein, stjerre is stikke.
Wachtsje even, de presidint wol ek noch wat sizze. Ta it
folk sprekke, sa´t soks hjit. Toe mar, Don, sis it mar, jonge! Net sa dimmen en
bedêst altyd! Toe, ju, sis it mar!
“Stik!”
Pet: sells-smoard is stickt, stoarn, way … fon /… ’n kroan.
Vidéo Vlogger Virus vaccin vesper vagina vulva versus vs.
Corvus corone-r dea’graver Crow Kroan-deadeling pâsst.
Eärmtlyk: gjimmestiik-skuon, jeld, jongeliu jongerein, juh.
’t boat, iin ‘e boat, ’t ein Fin & Rin, up ‘e ein Fin, uutspraak
Up ’t TV is up ‘e TV. 3e fall. En krekt no’t (oan-‘n-oàrren) ik
Om ’t ôffbrecken. (…) wie /… op ‘e boat. (…) Tokio ta /…
P & R: (…) ‘n, ’t vaksin, vaccin, DÂT dân iin ‘e griip-prip /…
Sticke: Béatrix hie’ èk läst fon Claustrofoby. ’n Betsjutting
oar’s âs gewoanway: benaud iin liitse romte, ingte-eangst.
Leävver dea’ … grausem-e, -zaam … ferflain /… ja just /…
Stoarn: wit-whêr-sa’rne, -sa-earne, skriow Ik mei ’n -rne.