Stjerre is stikke 2
Foarspûk?
Earjuster hie ik myn deistige Vuelta de España efter de knopen, twa speaken ferfongen dy´t ûnderweis brutsen wiene, in pear muorren fan ús hûs yn kalk en semint set (plamuere en strutsen) en de tún sproeid, doe´t de sinne alwer sa heech stie dat it te waarm waard.
It wie goed tsien oere — hûndert meter nei it easten, yn Spanje, goed alve oere — dat it waard ek tiid foar in bakje en in brochje.
Sadree´t dat beslikke wie, gong Maria fuort wer yn ´e skrep, mar dizze jonge moast ynienen efkes lizze. Ik wit net hoe´t ik it hie, mar ik wie op slach en stuit deawurch; it hert sloech my achtentachtich en de siken besetten my. Guon wurden út Don McLean syn American Pie waren my oanienwei troch de holle: this will be the day that I die.
I can´t breathe
Wat swierder my it sykheljen waard, namste mear my de lêste wurden fan George Floyd yn it sin kamen. En wat mear dy wurden my yn ´t sin kamen, namste mear ik tinke moast oan ús Keimpe — ús Keimpe dy´t okkerlêsten fan ´e plysje op deselde skandalige manear tamtearre is as George Floyd. It ferskeel wie dat it Stockholmske autoriteiten wiene dy´t boppe op him sieten, en dat ús Keimpe teminsten it libben derôf skuord hat. Dat akkefytsje wie al fan dy gefolgen dat ik de bylden út Amearika wei net oansjen koe, om´t ik wol foar my krije koe hoe´t se ús Keimpe troch it hert fiken.
Oer myn lyk
Ik haw Maria fakernôch te hâlden jûn dat se, as ik yninoar sakje soe, net in sikewein foar my skilje mei, om´t ik net lykme-allinne yn in steryl sikehûs it seil strike wol. Mar Maria is de wetige kant it neist; dat it like my de baas en hâld my diakens.
Hawar, sa´t jim lêze kinne, is it wer oerbettere. Sterker noch, de jûns siet ik alwer oan ´e byfstik, om´t it jierdeifeest fan in freondinne op it lêste stuit mei in dei ferfoarlike wie. Dat wie Bauke! Want de middeis hie it jit yn it aventoer stien oft ik har jierdei überhaupt wol helje soe.
Tige lokwinske
De oare moarns — juster dus — skille ik mei ús Peter dy´t op deselde dei jierdei is as dy freondinne dêr´t wy op besite west hiene. Jonge jonge, wat wie ik grutsk op him doe´t er my troch de wei fan WhatsApp in fideorûnlieding joech oer syn hiem om sjen te litten wat er langer allegear konstruearre en boud hat…
Hin?
Ja, ik bin sowieso grutsk op him, sa net… mar, blinder, wat in moed! Wat in enerzjy! Wa hat er dy fan? Net fan my! Ik wurd al deawurch fan in bakje kofje, sa´t jim begrepen hawwe.
Mar, no komt it…
De jûns skille er mij. Us Keimpe wie op fekânsje yninoar sakke en leit no yn
koma yn in sikehûs yn Marseille. In daam yn ´e krânsslachier, sa´t it hjoed hiet.
Wy hâlde ús de lea stikken.
De sitewaasje is sjesa: ús Keimpe is fan ´e moarn út syn koma helle. Hy praat en ferweecht wakker sleau (lykas syn âldste broer; dus dat is yn oarder). Fierders is er frijwat obsternaat — hy wol dêr wei. Hahaha! Se sille him fan ´e middei nei Kardiology oerbringe. Dêr sil er in pear dagen yn opstrewaasje bliuwe.
EALE!
Moi?! Moai!
JJQ hat in flater fûn, begryp ik, mar… ik sjuch him net. Moat ik in nije brul ha?