Steatsgefaarlik

O ja, noch wat …
Wy hiene it okkerwyks yn it restaurant yn Moreanes oer myn side, www.janblogger.eu, en datsto alle kearen in eameltsje krijst at der in nij stikje is. En do fregest doe oft der mear wiene.
Ik fertelde dy dat der bytiden al in siferke efter myn stikjes stiet dat it tal ‘hits’ oanjout, sa’t it hjit, en dat ik ek geregeldwei in ‘pingback’ (?) krij fan in literêre side. Freegje my net wat dat allegearre te betsjutten hat – ik brûk de kompjûter lykas myn Olivetti fan 55 jier ferlyn: neat byleard fan dat stuit ôf.
Safolle kin it my ek net skele, fertelde ik dy, want ik haw myn wille der al fan hân – fan it skriuwen, bedoel ik.

Mar no haw ik eefkes fierder sjoen as myn noas lang is. Do kinst op bysletten ‘screenshot’ sjen dat ik hjoed 46 ‘visitors’ hie en 1.729 ‘visits.’ Asto my fertelle kinst wat it iene mei it oar betsjut, kinsto mear as ik …

😊


Heu Jaap,
No’t wy wer werom binne kin ik es efkes sjen nei de statistyk dy’t WordPress oan dy leveret. Ús pake- en beppesizzer brûkt dit programma ek foar syn wynferkeap en ik help him der by. Sadwaande is dit my net frjemd. Ik sjoch op it screenshot USERS, VISITORS en VISITS.
* USERS binne dejinge (útsein dysels) dy ’t op dat stuit ynlogd binne, bygelyks om teksten te skriuwen. Ik tink datsto de iennige bist dy ’t dat dwaan kin, dus sil dy altyd op 0 stean.
* VISITORS jout it tal kompjûters / tablets / telefoans oan dy ’t stikjes sjoen hat yn de neamde perioade.
* VISITS binne it tal kearen dat ien dyn site besocht hat.

Foarbyld: In wike lang besjocht immen mei deselde kompjûter alle dagen efkes dyn site of der nije blogs stean. Dan telt er foar VISITORS foar 1 en foar VISITS op 7. Snapst?

Der ûnder (net op de ôfbylding) stiet noch folle mear ynformaasje. Under oare oer wa ’t nei dyn site sjocht en út hokker lannen wei. Dêr kinne je dan sjen oft it persoanen oanbelanget of sykmasines út de Feriene Steaten en Ruslân, dy ’t it web ôfskowe nei ynformaasje.
Allegear net sa belangryk, tink. It giet dy foaral om de ynhâld, de blogs. Dy binne noch hieltyd de muoite fan it lêzen wurdich, dus gean der mar lekker mei troch!


Heu M,
Moatst my dochs ris út ‘e doeken dwaan, hoe’t jimme pake- en beppesizzer dat oanleit mei dy wynferkeap. Want it waait hjir bytiden ek frijwat.

Mar, sûnder gekheid …
Dy lju dy’t alle dagen poerneaken foar har kampearwein sitte, fine dat wol noflik, twa soarten wyn – de iene soarte om wat ôf te kuoljen en de oare om op temperatuer te bliuwen. It is benaud safolle der ûnder by de rivier steane. Der binne op it heden mear kampearweinen as dat ús doarp ynwenners hat.

Mar, ta de saak …
Tige tank foar dyn útlis! Dat, as ik it goed begryp, dan hawwe der dizze wike … eefkes sjen … 373 kompjûters (VISITORS) op myn side west, dy’t 10.936 kear (VISITS) sjoen hawwe oft der noch nije stikjes binne.
Wat apart, ju, dat elke masine trochinoar nommen tritich kear sjoen hat oft der wat nijs is! Of wurd ik as ‘steatsgefaarlik persoan’ yn ‘e smizen holden fan in stikmannich geheime tsjinsten? 😉

Watsto seist oer USERS wurd ik no al wat kjel fan. Want dy stiet yn died wol ris op 0, mar meast op 1, 2 of 3. Betsjut dat dan dat myn side … eh, hakt – of hoe hjit soks? – wurdt, bytiden fan mear as 1 tagelyk? En wat dogge se dan, as se my hakke? Witsto dat altemets? Mij is noch nea wat ûngewoans opfallen. Mar dat kin komme om’t ús pake ús fan en ta op steatlike toan rette: ‘Doe wel en zie niet om!’

Noflike sneinoer fierder!
Jaap

Dit vind je misschien ook leuk...