Staveringswifker

Ik sil der noch ien kear wat fan sizze en dan hâld ik der oer op. Oars wurdt it keal noch djoerder as de ko…

Boel folk, bytsje wizen
It Frysk is neffens my fierhinne in fonetyske taal. Dat, as ik “rjucht en sljucht” sis om´t ik dy wurden altyd sa oanheard haw, sa moatte se my net ynienen oankomme dat ik har mei in -o- skriuwe moat. Soks liket my wol nei fleanen…
Watsjo? Ljucht?
Nee, ljocht fansels!
Wêrom dat?
Om´t men it sa seit! Dat kin men mei de dronkene harsens noch benei komme, wol my oan.

Lienwurden
Sa foar en nei binne in soad frjemde wurden yn ús taal telâne kommen. Dat is net slim. Alle talen bart soks mei. En, lykas alle talen ynkorperearret 😉 uzes dy wurden ek wol. Tink bygelyks oan “krekt” of “risselwaasje”.
It nuvere is lykwols, dat mei´t ik risseltaat skriuw de duvel yn ’t koarn is. Ik moat “resultaat” skriuwe, hjit it, om´t se dat yn it Hollânsk ek sa dogge. Lyksa giet it mei mannich meartalsfoarm. Ik mei “befobbeld” net mear lenings skriuwe. Dat moat “leuningen” wêze.
Wêrom dat?
 “Dat is makliker foar de bern en krij it Hollânsk yn ´e macht.”

Ja, dêr is gjin neil efter te krijen!
Watte? It komt noch safier dat de learaar Ingelsk de bern tefoar hâldt: “Jim meie reasons wol as redenen skriuwe, hear! Want sa dogge se dat yn it Hollânsk ek.”

Staveringswifker
As immen him net lykfine kin mei in staveringsfoarm fan my, dan wol ik him of har wol te reden stean, sa net, mar neam dan al kop en kont! In obligate opmerking as “de hifker mei der wol ris oer” seit my sekuer neat. Want dy brûk ik net.

Al moat ik earlik tajaan, dat in Amerikaansk bedriuw dat lêsten al fan my easke…
Dat hawwe wy jitte net, tink, in staveringshifker, hifke ik Sytze.
Jawis wol, andere er, op taalweb.frl!

De feale middenwei
De saak hie gâns innen en oanen, mar ik krige it yn streken – dy hifker op myn kompjûter, bedoel ik. En ik wie bytiden slop, dat er in soad wurden net koe. Mar, toe mar, as it net kin sa´t it moat, sa moat it mar sa´t it kin – de bre… eh, midlike wei op.
En in proeflêzer woe neitiid noch hawwe, dat ik “hoemannichste” feroare yn “datum”.
Om koart te kriemen, men kin wol wat miene, mar men hat it heil ek net foar de fuotten. It komt skielk noch safier dat ik froed de tea… eh, hifker yn ´e bek nim.

Dat lit ûnbehindere dat, hoenear´t my de Fryske pinne teame is, ik lokkigernôch fierder kin yn ´e taal fan Camôes 😊

Dit vind je misschien ook leuk...

4 reacties

  1. Durk Pool schreef:

    Rjucht is by (sis bie en net bij) ús rjocht. En sa skriuwe wy (sis wie en net wij) it ek. Wâldfrysk. Dat sa!

  2. Jaap Slager schreef:

    Dat is jo goed rjucht, Durk Pool.

  3. D. f.d. Meulen schreef:

    Rioght & Slioght havve ’n oare -ó- âs de -ò- iin lioght.
    Middenway
    (…) âs it nèt kin sa’t it moàt, DÂN moàt it mar sa’t it kin.
    Rechtschreibung orthografy bookstave-arje Gustaverje.
    Wii skriowe mi, di, hi, Sie, si & bi iin ‘e Wôlden Frieslawn.
    Durk Poal, VVD, en OMROP FRIESLAWN moàt de GGD-er
    MarGriit de Graaf Friesk prate litte en har oar’s ferfange.

  1. mei 19, 2020

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]