Sport is in hoer dy’t har graach nimme lit fan nasjonalisten mei flage, foltsliet en heitelân boppe
De hurdfytser Chris Froome hat in pear snúfkes salbutamol te folle nommen, en no is er in dopingsûnder. Utsluting hinget him oer de holle en teffens de hún fan it folts. Fjouweris de Tour wûn, mûlk mei snúfkes. Winliken moatte no teffens efter syn namme, lykas by Lance Armstrong, krúskes komme te stean.
Sport is de grouste tûke fan de ferjaartsje-yndustry. Dy hinget fan korrupsje gear. Totalitêre rezjyms misbrûke sport om sels goed foar it ljocht te kommen en fermuozje miljarden mei it ynheljen fan megalomane sportprojekten. Moat dêr immen ta bekoft wurde, dan wurdt dêr immen ta bekoft. It is ’t oergearkommen mar, want de grutte ynternasjonale sportorganisaasjes wurde meastentiids laat fan ’e maffia.
Yn it saneamde ‘matchfixing’, beynfloeding fan útslaggen, giet neffens Transparency International alle jierren wer 500 miljard dollar om. Sport is in ljidske dy’t har graach nimme lit fan nasjonalisten mei flage, foltsliet en heitelân boppe. It Blut und Boden is tusken de krytstreken nea fier fuort. Yn ’e medaljespegel sjugge wy ússels en ús superieurens. Sport is in jildparse, in marketingmasine, in propagandafehikel. Sport is in kollektive drug, in antydepresjemiddel fan swit en krimp.
Dat der is nochal wat te rêden, yn de sport en mei de sport. Yn stee fan de siden te foljen mei wedstriidferslaggen, soe de sportredaksje fan ’e krante de kolommen ek maklik folje kinne mei misstannen. Altemets komt dat ek foar, mar net te dikmels. Want dêr sitte sportleafhawwers, dêr’t ik mysels ek ta rekkenje, net op te wachtsjen. Wy hoege net te witten oft Messi fan en ta in snúfke nimt, hoe’t Ronaldo dy spierballen besteutere hat en hoe’t tennissers, dy’t aloan en wer de wrâld om reizgje, sa’t liket stikken noch dea kinne en de bal mar reitsjen bliuwe.
Sport is, sûnt de falske hope dy’t godstsjinst ús bea de grûn yn wâde is, ús grutste hâldfêst ûnder de yllusoire systemen wurden. Wy witte dat it in korrupte gloarje is, dat de earetribunen oan ’e kop ta fol sitte mei rosmos, dat atleten altemets eat dogge dat net troch de mesken kin en dat de útslach mûlk al foar de wedstriid yn kalk en semint wie. Mar wy meitsje ússels wiis dat soks net altiten it gefal is – wat lokkigernôch ek sa is. Wy wolle ús net ek noch ús lêste yllúzjes ûntfytmanje litte. Sport ferdivedearret, fral mei de blynkape foar. Wêr treft men jit it mearke fan ’e weropstanning? Yn ’e sport.
Ea wie sport in spul, mank mei de seedlike regels fan it spul – koartsein, mei ‘fair play’. Op it heden is sport poer amusemint, tillevyzjefermeits. De sporters binne akteurs, duvelskeunstners, stand-up-balgûchelders en raskomeedzjespilers dy’t it applaus oan ’e kont bongelet. Oant Froome in snúfke nimt en fuortendaliks alle sportpartisipanten – kollega-atleten, leafhawwers, sportsjoernalisten – de eagen boppe op ’e kop hawwe. It is in nuvere, hommelse opsternatens. It is krekt oft ien dy’t jierrenlang oer de stjonkdobbe hinget en ûnferhoeds in skeet rûkt, ropt fan: wat stjonkt it hjir alderferskuorrendst!
Der is efkes gjin rûmte mear foar relativearring of reedlikens; bygelyks dat it wol almeugende bryk is dat Froome syn snúfkes überhaupt op ’e swarte list steane.
Is it faaks in restke fan langstme nei it suvere spul dat sport sa’t hjit yn in skier ferline west hat? Binne it de alderlêste groeden en tekens fan ‘fair play’? Spitigernôch net. It snúfke fan Froome hat oanpart yn it amusemint, de geregeldwei weromkommende lilkens heart ta de sportritewelen. De kwânskwiis earnstige diskusje oar it snúfke ferdivedearret en ûntspant: sportferdwazing.
Recente reacties