Sollisitaasjepetear

Trijeresom sieten se foar my oer, allegearre strak yn ’t pak. Dat ik wie frijwat simmelich, kinne jimme wol begripe.

De strangste pommerant, dy’t yn ‘e midden siet, seach my hifkjend oan, of hied er my op in pypfol, en brimde, suver skeptysk:
– Wy sykje immen mei ferantwurdlikens.

Ik sykhelle ferromme:
– Dat komt dan frekte moai út. Altyd at der wat te rêden wie yn myn foarige baan, seine myn kollega’s dat ik ferantwurdlik wie.

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. D.f.d.Meulen schreef:

    Simmeligens?
    Ferrekte — foàrrige baan, bAas-gaarde Oslo, anax Hanze-atic.
    GyNeuke, Blitzender! Foryét nèt om ‘e ûnderbrûk uut to doàn.