Slavemoraal/Frysk forever
It lân fan la-la
As it net sa skrinend wie, soe men slop wêze om de slavemoraal fan guon Amerikanen. Har presidint ropt wat en de helte fan ´e popelaasje – benammen de kristlike helte fansels – praat him achteleas mei. It boechbyld neffens my fan dy moraal is har fise-presidint. De man ferknikt him hast. Hy docht my wat tinken oan in hûn dy´t syn kop hieltyd ûnder de hân fan syn baaske triuwt en krij mar in aaike oer de snút. Winliken mear in hûnemoraal – fan in opbrette wynhûn.
Kroanfiruskrisis
Dat de presidint fan ´e FS himsels mear bekroanet om in kroan… ehh, dollar as om syn folk as it derop oankomt, dêr sjucht grif nimmen mear nij by op. Dat doe´t er earjuster tsjin sa´n reachfine sjoernalist rôp dat it rêden fan ´e ekonomy wichtiger wie as it rêden fan minskelibbens, dus dat it skielk mei Peaske moaiernôch west hat en alleman wer yn ´e beage moat, koe men mar wachtsje op ´e opbrette wynhûnen dy´t yn ´e bosk binne.
Sa wyt as skyt
En, ja hear, dêr binne se al te aaikjen en te flaaikjen.
De plakferfangend gûverneur fan Teksas makket it hielendal fan aaien. De âlderein, sa wol er hawwe, soene ryp en ree wêze en jou har libben foar de ekonomy fan bern en berns bern…
Watsjo?
Ja, de ideale skoansoan, hahaha! Pretty shite, even for a white.
“Pro Life”
Lju dy´t alle klapsketen abbekaatsje foar de prenatale frucht (“ta Untermensch forcleärre” neffens Douwe) soe men wiswier wat mear begrutsjen fan ferwachtsje mei it postnatale produkt dat yn it laberet sit. Want, wêrom dat yn ´e FS wol sûnder ferdrach ta Untermensch ferklearre wurde mei, is my jit net hielendal klear. Earst wiene it de indianen dy´t de pap kuolje moasten, doe de Afrikaansk-Amerikanen, koartlyn moasten de Meksikanen en de mohammedanen it begoarje, en no… de feteranen.
Weromkomst fan de Ferlosser
Wat har presidint dan wol wer goed yn ´e lampe hat, is dat doemdeiprofeten yn ´e regel neat gjin dollars opjeie – ek net at se ris gelyk krije soene…
Ja, lit dat mar efkes yn jim omgean.
Dat moai wis dat er by himsels tocht hat: As ik no úthâld dat it holste fan ´e krisis mei Peaske wol beslikke is, en it komt – tsjin hope op hope fan lju dy´t derfoar trochleard hawwe – noch út ek, dan bin ik skielk it op hannen droegen Peaskelaam… ehh, de ferseine weromkomst fan de Ferlosser.
De wrâldtaal Frysk
No haw ik neat tsjin op optimisme, sa net, mar it moat al binnen ridlike mjitte bliuwe, no.
Dat ik seach alsa benijd op, doe´t ik justerjûn yn it boekje Taal fan it hert lies dat it Frysk “hjoed-de-dei stevich ferankere is yn de Fryske maatskippij”, nei´t it iuwenlang by de flotgerzen lâns kloatsekje moast.
No ha wy de hichte! Is der by al dy lju dy´t de drompel plat wâdzje by “vadertje Staat” – mei smeekskriften dat der wiswier wat barre moat, om´t ús sprake al nei de lodde rûkt – altemets ien fan ´e fiif it bolwurk om?
Taal fan it hert
De striders foar it Frysk kinne troch de titel fan dit stikje lichtwol begripe dat ik har in slavemoraal oanwriuwe wol. Perfoarst net! Ik haw in fierste grut respekt foar har en foar harren saak. Boppedat is it bûgjen yn Fryslân lokkigernôch net endemysk – lit stean fan pandemysk😊. Mar, yn stee fan – ta wize fan sprekken dus – de kop ûnder de hân fan in stjuch en stymsk baaske te triuwen soene de foaroanmannen har pylken neffens my ek oars rjuchtsje kinne. Bygelyks op baas ynternasjonale bedriuwen (ik hoech gjin nammen te neamen, tink?) dy´t op ´en fynsten oanfiele dat men mei jins sibben en freonen yn deselde taal appe wol as dêr´t men mei harren yn praat.
Frysk foar kar
Oft wy it moai fine of net, mar dêr leit neffens my de takomst – by snoadfoans, kompjûterspultsjes en sosjale media.
Hoe´t ik soks wit?
No, om´t it my frappearret, dat ik hieltiten faker oanklamme wurd fan bedriuwen dy´t my freegje oft ik soks oersette wol fan it Ingelsk nei it Frysk. Ik haw fan ´e moarn noch foar in opdracht betanke yn it ramt fan in nij kompjûterspul. Ik fiel my net saakkundich – ik haw noch nea sa´n spultsje spile!
Fryske dialekten
Mar ek oare dingen! Freegje my bygelyks net, wêrom´t ynternasjonale spilers út Amearika wei har leveringsbetingsten perfoarst ek yn it Frysk ha wolle. Of wêrom´t in sjeik in Fryske spreuk yn syn paleis oan it lewant hingjen hawwe wol. Ik fyn it goed.
Mar men moat al op jins iepenst bliuwe, want ferline wike moast ik in Japansk bedriuw te hâlden jaan, dat se better in oar sykje koene foar in oersetting nei it Frysk… dat yn Sleeswyk-Holstein praat wurdt. 😊
Recente reacties