Skylk wie ik de lêste mei fan dy slûge euro’s op de bank
By Langs de Lijn En Omstreken op Radio 1 gong it tiisdeitejûn oer bitcoins. Oant no ta wie de hype oer dy kryptomunt in bytsje oan my foarbygongen, mar no fielde ik dochs eat fan bitcoinkoarts opkommen. Sels Renze Klamer hie bitcoins, sei er. Dat koe twa dingen betsjutte: of der kaam dalje op no’t sels EO-presintators har derop smieten, of de fraach boazge no sa hurd oan dat de wearde fan de munt fan halem gean soe.
De ’trendwatcher’ Vincent Everts siet ek yn de studio. Hy hie tiisdei de ‘crypto investment summit’ yn Ede organisearre en ferhelle dat in jonge 14 hûndert euro yn in kryptomunt ynvestearre hie en dêr 3 ton mei fertsjinne. (Spitigernôch wied er syn koade kwyt en dêrmei ek it jild.) Everts hie sels in tredde fan syn sparsinten yn bitcoins stutsen. Dat dy live yn de útstjoering in dûkflecht ynsetten, dearde him net sa’t like.
In de Volkskrant stie moandei in stoarje oer it bitcoinfabryk fan Berry van Mourik. Dy wie mei tûzen bitcoin-mynapperaten dwaande bitcoins te winnen. Dat winnen fan bitcoins koe ik net rjucht neikomme, it kaam hjirop del dat men matematyske riedlings oplosse moat en ta beleanning in stikje bitcoin kriget. Hawar, men hoegde net alles te begripen en bespin winsten fan komsa. Guon woene ha, bitcoins wie it nije goud, neffens oaren wie sprake fan in nije tulpemany en koe de delgong alle stuiten ynsette. De Twadde Keamer woe in harksitting, want gokferslave húshâldings soene in raar gat yndraaie as it stomp rûn. ‘Bezint eer ge begint’, sei minister fan Finânsjes Wopke Hoekstra.
Yn de radiostudio siet ek de ynternetsaakkundige Jaap Henk Hoepman. Hy ferhelle dat as de bitcoin in lân wie, hy wat enerzjyferbrûk oanbelanget wrâldwiid op it 61ste plak stean soe. It winnen frét enerzjy. Hoepman stie de bitcoin net.
Woansdeitemiddeis wie de koorts by my likewol safier oprûn dat ik risselwearre, mear wachtsjen wie ûnferantwurde. Skylk wiene Jaap Henk Hoepman en ik-sei-de-gek de alderlêste mei fan dy slûge euro’s op de bank, wylst om ús hinne eltsenien moai waar spile mei syn bitcoinfortún. Hy koe skylk wol 2 ton jilde, lies ik earne.
Ik gong nei in webstee dêr’t men munten keapje koe – de bitcoin is al lang net mear de iennichste krypto-currency. By it sjen fan de 51 kryptomuntienheden kaam my yn ’t sin dat alleman him no fansels op de lêste bitcoins smiet, dat it wie kloeker en túch in oare, no noch leech notearre munt oan. Men lies it dikmels yn ‘e beursanalyzen: nea en te ninter op in ridende trein springe.
Ik gong yn digitale gûnen. Ut nostalgy, mar ek om’t se mar 0,07311680 eurosint it stik kosten, dat der wie alle rûmte foar bare koersferhegings. Men koe fan tinken wol ha dat de gûne mei in healjier ek 10 tûzen euro gou, en dan wie dizze jonge spekkeaper. Ik makke it jild oer en in toarne letter sieten der in pear hûndert kryptogûnen yn myn ‘wallet’, wûn fan GzaubDd. Ik notearre mei krektens myn ‘herstelzin’ – wy koene net hawwe dat ik in megawinst berûn mar der net by koe. In amerij stie ik yn bestân en keapje noch wat Pesetacoins út reden fan risikosprieding, mar ik besluet alle bûter op ien stik brea te smarren. Hie de gûne my ea teloarsteld? Ik woe mar sizze.
Ik hold de weardeûntjouwing fan myn kryptogûnen yn ’e smizen. Mûlk wie al sprake fan in koerseksploazje en moast ik winst nimme. Om sân oere stie er op 0,07452972 euro. Dat gong de goede kant oer.
Recente reacties