Sjuch goed út earnseagen

Donald, in omtinken fermeugende Amerikaanske earn, wie midsflecht doe’t him hommels ynfoel: “Holy fuck, ik wol oer ’e wjuk.”
Soks kaam him wol faker oer — it kaam him, lit ús mar sizze, oan as de ko it skiten. Dat hy makke in wide hierspjeldebocht en gong wer op hûs oan. Dêr fûn er syn Melany. En hja lei al op ’e rêch. Sa’n happige hâlding, dat wie syn flij. Mar, diskear lei se net op ’e rêch om´t se deunsk wie. Nee, hja wie dea — kroandea!
In firus?

Donald wie raar fan it koekje en foel yn in witte djippe rouwe. Mar it libben giet troch — fiif tellen letter stie er him alwer as in dampeal. Dat hy moast mei gauwens wat fine dat er by de flotgerzerzen grape koe, oars stie er net foar himsels yn. Dat, Donald gong te … eh, te dúnjeien.

Hy foel gear oer in sniewite fûgel. Donald frege: “Mine, mine Mo, bisto bygefal in do?”
Hja joech gjin azem en hold har heechmoedich fan fierrens.
“Ach, wat neukt dat ek!” sei Donald by himsels. “In fûgel is in fûgel op ’t lêst. En in fûgel, dêr falt mei te … eh, fûgeljen.”
Dat hy krige muoike Mo by de lurven en joech har in feech.
“Ho no,” koekeloerde Mo, “ik bin net in earmtlike do! Us famylje is no just net sûnder fearren — ik bin in jo!”
Donald wie net botte gleon op neispul, lit stean fan dat er in man wie fan in protte wurden: “Opsoademiterje … do!”

Doe seach er in melke hin. En hinnefleis, dêr wie Donald slij nei. Mar hja akkedearren as skuorde klokken — it wie in âld hin en hie gauris in min sin. Hy soadedondere it âld nêst út syn nust en rôp: “Meitsje datst fuortkomste … hin!”

Doe´t it âlde diel him nei tsien minuten alwer jûke, beëage er yn ’e flecht wei in omraken ûnsjuch kreatuer. “Dat koe sy wol wêze, dy Ingelske einfûgel,” lústere Donald by himsels, “toe ju, hoe hjit se ek mar wer?” No net earlik in stomp fan in mokkel, sa heech op ‘e skonken mei dat meagere bonkwurk — mear in … eh, ugly duck. Mar goed, kut is kut!
Dat hy fleach derop ta en krige de oanklaaide knyptange blynseach by de kont. Hy op-en-deldere har sa lang as in hûn, en sa faak as in hoanne. Hja geide it út fan ’e wille: “Ik bin dyn ugly duck, ik wol oant yn lingte fan dagen mei dy wol oer ´e wj…

Ah, jonge, nee, ju, dat sei se hielendal net! Jimme altyd mei jim ûnfoechsume tinzen!
Hja sei: “Ik bin in fint, jo ha jo fersind!”

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. D. f.d. Meulen schreef:

    ‘n(!) Ménske sin is ’n ménske libben, rhymet up sibben.
    De Annalen Anno 1220. Onanalen. Fliibje / de Poat up ‘e boat.
    Sjuh, siogh uut diin earne-egen, Earnseegh.
    Holy Duck, Ik woll o’er de wjuk. Sayt ’n Ljip.
    Precinct caucus, Coetus cotrumpus deal, Wha hat sain /…
    Milan, Weihe, swarte wouw, glee Melania, Bläck Kites Mätter.
    Hje & Don camen âs holders Zoomjend clear.
    Hin? What sayst? Do beast ’n cow, ’n cobbe.
    Ugly Duckling ’n cob-pen-swan queer queen.
    ‘n(!) Virus gier jarre iin Latiin. Kroan-dea.’
    Hollawn’s Kroan grietenij Cop fon NH.
    Ik hav ’n Stint. Yo havve yo forsind.
    ’n Grilltsje, kriel-hintsje up ’t strân.