Sjonge foar’t tsjerke yn is

D: Hasto dat ek?
O: Och jonge, dat is by my al sa, sûnt ik mei dy frekte pilleboel foar de prostaat begûn bin. Ik pisje der langer inkeld mar mei.
D: Dokter seit dat it by my kommen is troch it smoken.
O: Hoesa? Smooktesto bygefal mei de lytse man?
D: Nee, ju, no net sa raar! Mar dokter sei dat sigretten jin de bloedfetten fernauje. It smoken dêrfan, bedoel ik, foar’tsto wer mei dyn nuvere oanslaggen fanwegen komst. En it sweeft yn it âlde diel no ienkear fan ‘e bloedfetten. Dat stiet ek by wize fan warskôging op it pakje.
O: Watte? Dat it âlde diel optilt fan ‘e bloedfetten?
D: Goed besjoen is dat sa, ja; dat er dêre fan … eh, optilt. Mar nee, dat stiet net op it pakje. It pakje stiet op dat it laat ta seksewele ûnmacht.
D: Ik miende mar dat dêr lêzen op stiet fan … dat it deadocht.
O: Ja, dat miende ik ek. Mar ik sil der fuort net oan deagean, wie myn riddenaasje, en deagean moatte wy op ‘t lêst allegear.
D: It kostet oars ek hannenfol jild, dy smokerij.
O: Dat ek. Mar dat men jins bûsjild dermei kwytrekket, om it samar te sizzen, dêr hat dizze jonge nea gjin weet fan hân.
D: Stiet by it fyn lêzen, tink. Mar it hie wat dij oanbelanget boppe-oan stean moatten.
O: Hie dat sa west, sa wie ik der noait mei begûn, mei dat smokersguod.
D: Dan hiest it yn ‘e brân set.
O: Ja … Ehh, nee fansels! Dat hat my just de kloaten koste!
D: Fuort opholden fan smoken, tink?
O: Mienst dochs net dat in man fan myn jierren noch smoke soe, wol? Sok berneftich dwaan heart by de jonkheid — by it derby hearre wollen. Nee, ik smook allang net mear. Net dat it wat skele sil, want it kwea is al dien. It is net omkearber, seit dokter.
D: It docht my leed. Doe’t ik freifeint wie, begûn er my al te wippen sadree’t ik in frommis yn ‘t each krige.
O: Och jonge, as it maitiid waard, kaam ik al by it sjen fan in stêdsbus.
D: Der is altyd baas boppe baas.
O: Dat waard oars al wat in probleem. Ik kaam oan it lizzende wurk net iens ta — ik song al foar’t tsjerke goed en wol yn wie, om it samar ta sizzen.
D: Dat is my wat?
O: Ik wie nea net sa fleanderich om dokter, mar dat te gau klearkommen, dêr siet ik mei … eh, omheech. Dat ik nei dokter.
D: En wat stelde dy as diagnoaze?
O: Dat sil ik dy fertelle … Ik kaam deryn, strûpte de broek del, lei it te skerp ôfstelde sjitark op tafel en sei: Ik bin gauris wat te gau, dokter!
D: En wat sei dokter doe?
O: Dy sei fan: Ik fernim it, ik bin de resepsjoniste.

Dit vind je misschien ook leuk...