Sjef Sjeny
– Begrypst wol, tink, dat ik dy no foar myn eare en fatsoen fan kant helpe moat, nei dy mislearre grap fan dy okkerdeis.
– Lit dat mar oan mij oer!
– Hoesa?
– Ik haw al wat yn it … uh, hier. Mar jou my in wike of wat en set it op priemmen.
– Do moatst wol goed begripe, heite: dan is it neitiid út mei dyn publike karriêre.
– Dat kin my it measte net skele, ju. Ik hie dochs wat myn nocht. En ik haw al wat op ‘e kant set, sjuch, foar de âlde dei. Allinnich, it moat fansels net sa wêze dat nei myn sabeare … uh, ûngemak, bliken docht dat it kadaver net fan mij is.
– Lit dat mar oan mij oer!
Recente reacties