Sjans
– Hast sjans neffens mij.
It kin neat skele, mar Doeke hat dêr in skerp each foar. Dizze Unnoazelsma hat nea wat yn ‘e gaten. Ik sjuch om my hinne.
– Wêr dat?
– Dy donkere stomp, dêr by de taap.
It is wier, in wolken. In… eh, donkere wolken.
– It moat mar net wêze. Ik wit ninter wat ik sizze moat.
– Fregest gewoan oft se wat fan fan dy drinke wol. Sa dreech is dat net.
– Ja, dat wit ik wol… Mar at se dan wat weromsizze, kom ik altyd mei wat doms op ‘e lappen.
– Toe, ju, hja seach alwer nei dy!
No, fuort dan mar. ‘Wie niet waagt, wie niet wint’, plichte ús mem te sizzen. En dan kaam ús heit dêr wakker treftich efteroan mei ‘En dy’t net poept, dy’t net stint.’ Ik fei de twa hierren dy’t ik noch haw, fansiden en set op har ta.
– Heu, leave… wolst wat fan my drinke?
Hja draait har om, sjucht my op en del oan en lûkt oan ‘e noas.
– Bist my fierste grou.
Rûnút… as in bargesnút. Soks mei ik wol lije. Mar ik haw gjin beroai wat ik weromsizze moat. Ik sjuch ûnbehelperich nei myn maten. Doeke stekt de tomme op en knypeaget opmoedigjend.
It frommiske wiist op myn bierbealch.
– Is dat fan ‘e Amstel of fan ‘e Grolsch?
– Priuw sels mar, leave. Der sit in kraantsje ûnderop.
Recente reacties