Siderius
De soan hie no de leie op ‘e pleats. Dat de âldboer koe langer dwaan en litte wat it sin him opjoech.
It wie heamoanne en it waar wie alle dagen sa sêft as side. De âldman krige in earnen amer fan it boerd yn it bûthús. Hy hie it yn ‘e plasse krige en gean te beisykjen by de wetterdobbe efter yn it lân. Dêr hied er al in moai skoft net mear west.
Doe’t er der hast oan ta wie, seach er in stikmannich fytsen, merjes, tsjin ‘e seedyk lizzen, mei protsjes klean dernjonken. En doe’t er de dobbe beneikaam, hearde er it al: it wie in alderheislikst stik leven.
Trije fammen wiene oan it oangean en mâltjirgjen yn it wetter fan ‘e dobbe. De âldman koe him dat wol begripe mei dat waarme waar. Hy hie sels ommers ek jong west. Lit har mar stiltsjes gewurde, seid er by himsels. De tiid fan wille en laitsjen is gauwernôch foarby, wist er út eigen ûnderfining.
Hy sette mei syn amer op de beibeamkes ta.
Ynienen joech ien fan ‘e fammen in útgûl.
Kjel seach er fansiden. De fammen hiene him merkslein en stiene him trijerisom oan te sjen. Hja stiene oan ‘e nâle ta yn it wetter en hiene de hannen foar de boarsten.
– Meitsje jim mar net drok om my, rôp er guodlik, ik sil jim net opfrette!
– Als u maar niet denkt dat we eruit komen, als u niet weggaat.
Dêr waard de âldboer in bytsje koartkearich fan. Wa syn lân wie dut op it lêst?
Dat hy seach al moai wrantelich, doe’t er sei:
– Jim miene dochs net, dat ik it oan tiid haw en sjuch nei bleate froulju!
Hy hold de amer omheech:
– Ik kom allinnich Siderius te fretten jaan. Mar dat hoecht no net mear, tink. Dat dogge jimme aansen wol at jim trochgean mei sa’n leven en drokte te hawwen.
De boer heakke dêroan ta, wylst er him al omdraaide om nei hûs ta:
– Hy is op it lêst sljucht mei froulju.
Twa fan ‘e fammen knikten ferheftich fan ja. Hja hiene sowieso net folle ferstien fan wat dy âld roek te eameljen hie. Mar de tredde hie it net rjucht stean op dy lêste wurden fan ‘e man. Hja frege:
– Wie … of wat is Siderius?
De boer draaide him wer om, glimke fyntsjes en sei:
– Siderius? Dat is myn krokodil.
Oan ‘e ein: — wat er “hie (stean) te eameljen.” ??? Stien hie te?
Sin dernei: — stean op —
Saudade solidad iensem
Fado-de, fa-tûme, doem.
Tige!
Wat bedoelst mei ‘stean op’?
Rigel 1. De soan hie no de LEiE
Tige by tige!
Nuver, net? It begjint no al by my.
Dêrom net, hast myn fraach ûnder ‘Bin ik no sa tûk …’ meikrige? It driuwt net, hear, want ik bin noch net iens oer de helte.
Ik thoaght, dât dit 2e “stean” up ‘e oare rigel
By ûngeLock ferskowd wêze kinne soe.’
Kinst de LEiE ek yét ferbetterje by
Fryslân en ‘e Fryske Tale
Fäcebook group?
What fregest èk âll wer fon mi by
Bin Ik now sa tûk? Ik sill it neisjen.
Fryslân en ‘e Fryske tale? Wat is dat, ju?
It soe wol kinne, dat ik dat noch ferbetterje kin. Mar ik haw no oare pylken op ‘e koker. Boppedat is der net ien dy’t dêr noch nei omsjucht, ju.