Serebrale permafroast
Hy hat nea ûnder stuollen en banken stutsen dat er net folle op hat mei dimmekrasy. Dêrom stibelearret er de anti-dimmekratyske bewegings bûten Ruslân. Dat is fan dy gefolgen dat ekstreem-lofts ynienen ekstreem-rjuchts yn ‘e earm nimt: ‘Kom mar by ús, want jimme wolle Ruslân ek net feroardiele!‘
Nee, ekstreem-rjuchts wol Pûtin net feroardiele om’t er in wolkomme finansier is en syn falsknijsfabriken ek wakker fertuten dogge. De oare kant sit jit oan it wyt fan de eagen ta yn it psychologyske proses fan dissonânsjereduksje – it falt ommers om ‘e bliksem net ta en beken dat men jin in libben lang op eat fersjoen hat.
‘Wy hawwe wol trije kear yn Ruslân west. Sokke poerbêste lju!‘
Us buorlju setten it by it úteinsetten fan de Spesjale Militêre Operaasje yn ‘e kant en feroardielje Ruslân.
Dat kin ommers net in kant út! Iksels haw bygelyks tink wol trije kear yn Dútslân west. Noflike lju! Mar dat skuort net út dat hja doedestiids manmachtich efter Hitler oan rûnen. Ik haw ek twa kear yn Itaalje west. Sokke freonlike minsken! Mar hja rûnen wol massaal efter Mussolini oan, en no wer efter … hoe hjit dat mokkel? Hin? Meloni – just jehannes – dy’t Berlusconi noch stevich yn ‘e earm hat.
Sa liet de (kommunistyske) boargemaster fan Setúbal de earste flechtlingen út de Oekraïne ynhelje, ûnderfreegje en registrearje troch … Pûtinoanhingers. ‘Want myn Russyske kammeraten sprekke harren taal, no?’
Nee, ús buorlju roppe op it heden net sa lûd mear. Mar as men der by him op oanstiet, hâldt ús buorman ûnferoare de foet by de kûle …
Hin?
Ja, it massagrêf yn dut gefal.
Wêrom? Om’t de apparatsjiks fan syn partij hjir yn Portegal (PCP) ek de bocht noch hieltyd net krije kinne – stiif beferzen dissonânsjereduksje …
Watte?
Serebrale permafroast, jahaha. Te faak nei Ruslân ta west, tink.
Recente reacties