Selsbehearsking of selsmoard
Wat te tinken fan in frommis dy´t in kursus selsferdigening folge hat… en dy’t har neitiid útdaagje, koeienearje, bedriigje, misbrûke, útrûpelje, ferrinnewearje en ferhongerje lit fan immen… dy’t hja mei ien finger wol deadwaan kin?
Of is dat in ferkeard byld, as ik har ferlykje mei de Nafo dy’t in ultramodern útrist leger ta har foldwaan hat en … der neat mei docht, wylst Jeropa mei in kearnramp (en de buorlju mei kearnwapens) bedrige, de wrâldekonomy op ’e neat brocht, de wrâldbefolking útrûpele en/of mei de hongerdea bedrige wurdt fan immen… dy’t hja mei ien finger wol deadwaan kin?
Wurdt it net tiid en sis tsjin Ruslân: Dei dysels en lit ús libje?
Nee, wy litte ús buorlju plat bombardearje, harren kearnsintrale yn Saporydzja (dy’t dy fan Tsjernoabyl wol tsien kear oer de kop kin) besjitte en besette, harren eksport fan nôt stillizze, ús ekonomy fan aaien meitsje… hawar, ik hoech gjin twa deuntsjes foar ien sint te sjongen, wol?
Lêsten wie der ien op it tillefyzje dy’t dat omhealwiizjen yn Saporydzje belulle woe mei ‘Och, sa’n sintrale kin wol wat lije, ju; hja binne taret op terroristyske oanfallen.’
Dy saakkundige die my wat tinken oan dy keardel dy’t lêsten tsjin my sei: ‘Sjuch, de fabrikant garandearret dat dut T-shirt kûgelfrij is. Asto dat no efkes oandochst, dan sil ik mei dut pistoal … Hee, wêrom rinst no sa hurd fuort?’
Okkerwyks moast dy sintrale op needstroom oerskeakelje – de kearnreaktors moasten kuolle wurde mei ginnerators dy’t op diseloalje rinne. Moai, net?
Hin?
Ja, ik wit net. Sa’n Russyske man fan witnis hie faaks in flesse wodka oer in kontaktdoaze knoffelje litten. Of in boartsjend bern hie in lânmyn springe litten, dy’t sa’n yn ’t sâlt bebiten Russyske soldaat ûnder in stroomtried bedobbe hie. Want, ‘Och, sa’n sintrale kin wol wat lije, ju!’
Mar om op it frommis oan it begjin fan dut stikje werom te kommen… hja lit har lydsum skeine en tewâdzje fansels… oant de dea derop folget. Wat kin men oars? Do silst dyn neiste leavje as dysels!
Of wie it oarsom? Ik slaan der bytiden wat yn om, sjuch.
1 reactie
[…] Lês fierder by Jaap Slager […]