Sekularisearre kalvinisme?
Ik bin nea priizge fan ús heit. Ik haw dêr nea gjin erch yn hân, sa net; dus ik haw it him ek nea kwea ôfnommen.
Nee, it foel my earst op, doe’t ik mei krysttiid in dokumintêre seach dêr’t in boerefamylje yn in jier lang mei de kamera folge waard. De boer en de boerinne holden sa te sjen leafst yn ‘e dekstâl ta, want hja hiene frijwat tek op ‘e skuorre – seis fammen en trije jonges.
Mar wat my dus opfoel, wie dat ik de boer gauris – mei in grutsk glimke op it antlit – sizzen hearde: ‘Good lad! Well done! I’m proud of you!’ … bygelyks by it skieppeskearen. En dan ferhelle er wilens fan wa’t er it sels leard hie, hoe âld oft er wie doe’t er it learde, ensafuorthinne.
Foardwaan leart neidwaan sa’t it like, want ik hearde ek de fammen tsjin jongere suskes sizzen: ‘Well done! I’m proud of you!’
Dy oanpak like fan dy gefolgen te wêzen dat de bern – mei al har ferskelen yn karakter – allegearre wakker aventoerlik wiene en alles wol probearje woene … en sjuch oft it harren noaske of net.
Dat brocht my oan it tinken … Freegje my net wa oft it wie, mar der hat ien west dy’t ea skriuwde dat der twa wichtige dagen yn in minskelibben binne – de dei dat men te wrâld komt en de dei dat men ûntdekt wêrom.
Soe it dêrfandinne wêze dat ik my noch hieltyd ôffreegje wat ik skielk wurde wol en dat my yn ’t foar by alles al tinkt: Lit mar gewurde! Dat kin ik net! Dat … wat hat it dan foar sin?
Ho! Dat seit mear oer mij as oer myn bruorren, hear – das Schicksal kommt ommers von innen. En ús heit hat nei alle tinken inkeld oererve wat de lânswize wie – sokke wetters sokke fisk, netwier? En it jout neat … hy wist my altyd feilleas alle luzen op ‘e klean oan te wizen … ik kin net oars sizze … dêr wied er in meunster yn.
Allinnich, wat ik my temûk ôffreegje …
Soe Fryslân skielk it skiedboek yngean as ‘it gea fan dy dwazen en gekken, dy’t inkeld mar seagen nei har bern harren lekken en brekken’?
Recente reacties