Seksisme en emansipaasje
Bid of ik sjit
Trump soe – nei oanlieding fan ´e sjitterij yn in tsjerke yn Teksas okkerdeis – twittere hawwe dat it in soad minskelibbens skele soe at alleman in fjoerwapen droech…
Watsjo?
Hahaha, nee! In kearnwapen is de folgjende stap. Net te bot! De wapenyndustry moat earst fan syn âlde rommel ôf.
Dêrom net, mar it soe hjir yn Portegal in soad libbens skele kinne – fral fan froulju.
Mexican Standoff
Yn Leiria wie der mei krysttiid ien dy´t syn wiif foar it each fan ´e bern, 3 en 5 jier âld, deastuts. Sjuch, hie dat frommeske sjitterij yn ´e bûse hân, en dy bern ek, dan hiene wy in klassike Mexican standoff (sa´t ik en Donald soks yn faktaal neame) hawwe kinnen, oant de plysje te plak wie.
No is inkeld it frommeske teplak, at jim begripe wat ik bedoel.
Dútske byf
De man sit no yn it hûnegat. ´Previntive finzenskip´ hjit soks.
Ja, de Portegezen hawwe yndied wat in ôfwikende opfetting sa´t liket oer previnsje. Dyselde dei – of in dei letter, dêr wol ik ôf wêze – wie der in man yn Montijo, dy´t de Dútske harder fan syn wiif, dy´t fan him ôf woe, fearne. De kop hied er neitiid yn it jiskefet smiten, mar de fjouwer bouten hied er mei sâlt en krûderij yn ´e kuolkast avesearre.
Hi-ha-hûnekul
Wat ik mar sizze woe… Hie dy harder dy moarns syn Luger P08 by him stutsen – of syn Herder yndied (ja hear, reuzekemyk!) – dan hied er noch in kâns hân.
De man waard yn it hûnegat soald tink, freegje jo, yn previntive finzenskip?
Mis! Hy bleau op frije fuotten!
De rjuchter wie sa´t skynt de iennichste dy´t it boadskip fan dy man oan syn wiif net rjucht ûntsiferje koe.
Innen en oanen
Ik hear jim al roppen: No, at ik rjuchter west hie, dan…!
Mar it is fansels sisa: in rjuchter past de wet inkeld ta. Hy of hja kin de wet net oanpasse. Dy rjuchter kin om samar te sizzen gjin krûme wetten rjuchter meitsje. Dat kin allinnich de wetjouwer. Skied fan machten, no. Ja, en dy wetjouwer sit just no krekt ûnder de krystbeam te kloatdrûgjen, mei in bel konjak yn ´e klewieren: De herdertjes lagen bij na-ha-ha-hachte, zij lagen by nacht in het veld…
Yn ´e kuolkast, silst bedoele, slûge oelewapper!
Hawar, hy moat earst ris hifkje, tink, wat it parlemint der fan seit. En soks kin in hûnelibben duorje.
Seksisme
Mar sa is it al, de froulju binne yn Portegal noch twadderangs boargers. Om út te finen hoe machista oft de maatskippij jit is, hoecht men inkeld de strjitte op te gean en oan likefolle wa de namme te freegjen fan ien fan de witte folle slachtoffers fan húslik geweld mei deadlike ôfrin yn ´e ôfrûne moanne. De befrege stiet grif mei in mûlfol tosken. Mar freegje him of har wa´t Rosa Grilo is (in frommes dat har man in pear jier lyn fan kant holp) en der is gjin hûn (of it moat in Dútske harder wêze) dy´t it net wit.
Krabekultuer
No wurdt de skuld foar húslik geweld (al of net mei deadlike ôfrin) te´n earsten by de manlju dellein. Neffens my – mar jim witte, ik bin in apartenien – moat de skuld foar in part ek socht wurde by de Portegeeske froulju sels. Hja hawwe wat in krabekultuer – as der ien kraab út de amer bûkelje wol, dan wurdt er fan ´e oaren wer tebeklutsen.
It lykje yndied wol Hollanners, hahaha! Dêr ha jo al wat by de ein – at dêr ien de kop boppe it meanfjild stekt, dan… tsjakkaaa!
Anneke Tanneke Toverheks
Likefolle, Portegeeske froulju hawwe in hiel systeem fan mûklisten en fyn ynleine streken om inoar yn ´e liken te hâlden. Soks is psychologysk wol te ferklearjen: salang´t in keardel krijen (en hâlden) fan froulju as it heechst berikbere beskôge wurdt, wurdt in frommes dat de pols wat fierder stekt (en dêrmei rillegau de oandacht fan ´e manlju lûkt), fan ´e oare froulju as bedriging sjoen.
Ik wol sels safier gean en nim oan, dat yn ´e tiid fan ´e Ynkwisysje de driuwende krêft efter hekseprosessen fan froulju útgong.
Fûnis en eksekúsje bleaune fansels manljuswurk.
Emansipaasje
De froulju soene it ris fan in oare kant besjen moatte. Hja soene eltsenien dy´t har oan ´e midsmjitte ûntlûkt en ferken nije hoarizonnen, as in triomf fiere moatte. Mar nee, sa´n frommes moat foar straf folslein isolearre wurde. Groepstwang, hin. En as brânsteapel of ekskommunikaasje net mear troch de mesken kin, dan mar sosjale eksklúzje – as it net kin sa´t it moat, dan mar sa´t it kin!
Tsja, en ik haw noed dat, as in gâns folksdiel it yn ´e kant set en help himsels op ´e kluten, de Wylde Westenstrategy fan Trump foarearst dochs de bêste oplossing wêze kinne soe.
Recente reacties