Sân kleuren
Doe´t er wer ris te djip syld hie, drige syn wiif: “Asto noch ien kear mei in wiet seil thúskomst, heite, gean ik by dy wei!”
En, ja hear, de oare deis yn it kafee sûpte er op ´en nij safolle dat er him oer de klean spuide.
“Sa kin ik net nei hûs,” hied er de bek al bryk, “myn wiif giet by my wei.”
“Trankyl, jonge”, brocht syn maat him wat yn it bekommen. “Witst watst dochste, do triuwst in bankje yn ´e binnenbûse fan dyn jas, en ast thúskomst, fertelsto dyn wiif iiskâld dat in oar dy bekoarre hat en dy jild jûn hat foar de stomerij.”
Doe´t er thúskaam stode syn wiif op as in bosk fearren. Mar hy bêde har fuort del mei: “Nee, nee, nee, nee, nee, sa is it net! Der wie in oare man dy´t my mei syn dronkene harsens oer de klean spuid hat! Sjuch mar, hy hat my dut bankje yn ´e bûse treaun foar de stomerij?”
“Wêrom hasto dan twa bankjes yn ´e hân?”
“Dat?”, wifke de man, in amerij fan ´e wize. “O, dat oard? Dat is fan ´e man dy´t yn myn broek skiten hat!”
1 reactie
[…] Lês fierder by Jaap Slager […]