Sa ûnferskillich as …

Earjuster wie ik klear mei it safolste harkferhaal, in oersetting: Het Zweedse geheim. No ja, harkferhaal – audio story hjit soks yn geef Hollânsk. Dat ik wie fan doel en doch neat juster. Mar doe’t ik ier en betiid myn kuierke makke, kaam dat liet fan Simone my yn ’t sin. Dat is neffens my sa oer te setten nei it Frysk, tocht my doe. No ja, dat foel ôf, mar ik hie der gjin nocht oan en stin der lang op om. Ja, en doe rûgelen der twa stikjes efteroan. Ik hie it tredde kwealk ôf of Ensafh hong al oan ‘e bel oft se it twadde op harren webstee sette mochten …
No, dat mocht om my wol.

Ik moast ûnwollens efkes tebektinke oan ien dy’t my ris sei dat ik net safolle efterinoar skriuwe moat. ‘Dan lêze de lju it net mear.’ Ja, wat neukt my dat? Ik skriuw ommers net foar de lju, ik skriuw om’t ik it net litte kin. At ik foar de lju skriuwe soe, dan wie ik tink nea net begûn. En ik skriuw wat yn my opwâlet – it komt my oan as de ko it skiten. Ik haw der gjin fertinken op. Sa soe ik no dy sykterfersekeringspoalis dy’t my fan ‘e wike tastjoerd is, efkes goed trochlêze. Dat hoe’t ik hjir no wer telâne kommen bin … ik wit it net. Noch gjin poalis sjoen.

No ja, bûtendoar is op it heden dochs net te wêzen, dat … toe mar. Dat is net allinnich mear sa yn Ibearje, mar yn hiel Jeropa. Se hoege yn Noard-Jeropa al net mear djoere fekânsjes nei de Algarve te boeken, se hawwe itselde waar op harren balkontsje. Moai, net? Safolle foardielen, dy globale feroarings. De mins hat oeral in oplossing foar. Utsein oarloch en brân.

Dêr hat de Portegeeske oerheid sels gjin hânwetter by …
– Ja, wy sitte net stil en hawwe wol twa (!) dwêstfleantúchjes besteld.
– Moai, dêr hawwe wy ferlet fan. Wannear komme dy? Moarn?
– Nee-hee, mei trije jier … twa as it ús meiwierret.
Juster kaam sa’n fleantúchje wat te hastich del. Piloat André Silva (38), troud en heit fan in jonkje fan 5, kroandea. Syn libbensdoel: minsken rêde. Wat haw ik in respekt foar sokke mannen. Dizze bangeskiter set gjin poat bûtendoar by in temperatuer fan boppe de 40 graden yn it skaad, foar gjin miljoen. Ik hong noch leaver oan in krús!
Mar dy baasmannen, os bombeiros voluntários, lûke in dik pak oan en rinne it fjoer yn. Hja geane eigenwillich de dea yn en rêd it libben fan harren evenminske. Godferdomme! Respekt? Dêr binne gjin wurden foar! Gjin taal is soks treast. Superman is in suertsje by sokke mannen. En froulju!

Âlde minsken wolle faken net iens evakuearre wurde. Hja dogge de waarle op ‘e doar. Hja wolle har hear en fear, dêr’t se in minskelibben foar mêde en bealge hawwe, net sûnder slach of stjit opjaan. Dy lju komme fansels wer boppe wetter … boppe it dwêstwetter … ferkoald.
Want brân is sa ûnferskillich as … as … as de Russen.

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. Jaap Slager schreef:

    André Serra hjit de man ynienen, 24 oere nei syn mislearre wetterskepmaneuver yn ‘e Douro. En syn jonkje is in famke, hat no ek bliken dien. Dat er net 30 of 31 wie, sa’t de nijstsjinsten fuort rôpen, mar 38 jier, dat hie ik al wol goed meikrige.