Sa sâltich ha ‘k it nea iten

Als het ultieme Waddenwoord is gekozen … zilt! Dat werd zojuist bekendgemaakt door Arno Brok, commissaris van de Koning van de provincie Fryslân en voorzitter van het bestuur van het Genootschap Onze Taal.
Zilt werd op de voet gevolgd door búttendyks (‘buitendijks’, een woord dat vele schijfwijzen kent). De andere woorden die meedongen naar de titel waren kwelder, slenk en wadlopen.”

No bin ik wol sa yn ‘t sâlt bebiten dat it my neat gjin nij mear docht dat in Hollânsk wurd ta ‘het ultieme Waddenwoord’ keazen is. En — earlik is earlik — it Frysk makket him der ek mei in slinger en in slach fan ôf mei syn ‘sâltich’.
Boppedat is de waadkant fan it heitelân fan ‘e Hollanners kolonisearre. Dat foel my al op doe’t ik in jier tweintich ferlyn dêr gauris in kuierke makke en lju dy’t ik tsjinkaam my oan ‘e hûd foarby rûnen, sûnder boe of ba te sizzen — lit stean fan ‘Heu!” Hja makken faken net iens eachkontakt.
Twa mooglikhiden wist ik dan: Poepen of Hollanners. Beslist gjin Friezen — dy koene dat net, sa duvekers swije. Hja hiene dat net yn ‘e slach. Doe noch net, teminsten. Hoe fier it yntiid kommen is, wit ik fansels net. Friezen binne wilens faaks ek wat fersyld rekke … ehh, verzilt.

Mar — dat jout neat — men kin troch dy Hollânske kranten te lêzen noch al wat leare oer jins memmetaal.
Sa haw ik nea witten dat bûtendyks in wurd is dat ‘vele schijfwijzen kent’, bygelyks ‘bûttendyks’. Nijsgjirrich, wier?
No ja, der stiet winliken dat ‘buitendijks’ in wurd is dat ‘vele schijfwijzen kent’, mar ik wol net op alle slakken sâlt lizze. Soks lit ik oan Dauwe oer …
Ho, Dauwe … it stiet wier sa skreaun: schijfwijzen. Ik kin it ek net helpe. It binne no ienkear baasmannen, dy Hollânske taalkundigen — alle hilligen moatte har waaks hawwe. No sa!

You may also like...

2 Responses

  1. Sytze T Hiemstra says:

    No sa!

  1. September 26, 2021

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]