Sa nij as fleanen
Wat nij is, dêr sjucht men nij by op.
Soks begjint fuort al yn ´e widze. En dêr begjint it kedizen ek — wat is wichtich en wat is ûnnut? Men hat rillegau foar it fernul dat al dy snorrepiperijen dy´t se jin yn ´e hannen triuwe of foar de eagen opspanne, in kwelling binne foar de geast. Mar hoenear´t jin in pear goed meltse boarsten foar de haffels komme, kriget men dy mei beide hannen beet. Wier of wier? Men hat fuortendaalks foar ´t snotsje: dêr giet it om yn it libben!
En dat bliuwt fierdersoan sa…
O nee?
No, by my al!
Mar dêr giet it no net om. Wêr´t it om giet is dat men leard hat ferskeel te meitsjen tusken wat prinsepeal is en wat michjeguod. Dat jildt net inkeld foar wat wy sjugge, mar ek foar wat wy mei oare sintugen waarnimme.
It heucht my bygelyks noch goed wat in babel it wie, doe´t ik krekt berne wie. Ik learde stilwei en beskôgje it measte as rûs. Mar ik harkje noch altyd mei sân pear earen as der in brasjêrebantsje fan it skouder strûpt wurdt…
Hin? Dat witte jo no wol?
Goed, oar foarbyld…
De earste nije waskmasine dy´t wy kochten, dat wie in barren. It wie njoggenennjoggentich of wy hiene der jûns mei in bakje kofje foar sitten: “Wat in pracht, net ju, sa´n nagelnije masine!”
In bulte jierren letter: “Der is in man oan it tillefoan dy´t seit dat ús nij hûs klear is. Witsto bygefal hoenear´t wy dat kocht ha, en wêrsanne?”
Wêrom oft ik dut op it rabat bring?
No, dat is sjesa…
Se sizze dat dingen út it fiere ferline ús Keimpe bybleaun binne, mar dat him út it ûnthâld rekke is wat oft der de ôfrûne wike foarfallen is, krekt foar syn hertoanfal en neitiid.
Ja, nin niget! Ik wit al net iens mear wat oft ik juster iten haw. It ferskeel tusken ús Keimpe en my is, dat it net ien de barrels skele kin wat ik-sei-de-gek noch al wit en wat net. Him is it fuort by fan: Oe heden, soed er de knoei wei krige hawwe?
Rekkenje dêr mar op, ja! Mar, it koart fan memoarje wêzen hoecht dêr neffens my neat mei fan dwaan te hawwen.
Dat er it fekânsjehúske dêre, yn Frankryk, net werom koe, seit my ek net botte folle. De man hat yn syn libben fekânsjehúskes by ´t seksje sjoen. It sil him stiltsjeswei oan ´e reet oksidearje hokker linten en flinten dêr te finen binne. It is mei him nei alle tinzen safier hinne: as der in bêd is, is it him wol goed.
“Hy fielt him oft er op ´en nij berne is”, hjit it.
Ja, dêr hast it al — in soad dingen dogge him ynienen sa nij as fleanen om´t se him noch net earder opfallen wiene.
Dat is net sa nuver, liket my sa ta.
It nuvere is, wol my oan, hoe´t it om-en-by dêrop reagearret. Hja wolle leafst dat syn bewustwêzen hurd wer ôfstompet, tink. Mei´t se sa hurd as it mar wat kin har betroude heit werom ha.
Ik sil him moarn ris skilje… eh, WhatsAppe fansels. Dat is, as ik it oprêd.
As er my dan freget “Wa bisto der ien fan?”, dan is it lakmoes.
Dat is my wat!!! Wa is Keimpe krekt? In broer? Soan? Sterkte mei alles! Sytze
Oe heden, nee, Sytze! Lokkigernôch haw ik sels gjin bern. En dat sis ik net allinnich om´t it iennichste bern fan myn Maria terminale kanker hat. Ik hie der sowieso al in aardsje fan en fiel my skuldich oer fan alles en noch wat. Dat ik haw gjin ferlet fan neiteam om my soks nochris ekstra yn te druien 😉
Nee, ju, ús Keimpe is in trije jier jongere broer. En ús Piter, waans jierdei ús Keimpe in hertoanfal op krige, no in wike ferlyn, is sân jier jonger as ik.
Sa´t ik juster al skreau dat ik dwaan soe, haw ik fan ´e moarn besocht ús Keimpe te skiljen. Mar sûnder sukses. Dat, it sil him noch wol te folle wêze, tink.
Of ik bin blokkearre fansels 🙂 Soks kin op it heden ek fergees, no. Ien mis wurd en… hupsakee! Ferjeffenis fynt men tsjintwurdich inkeld yn boeken fan fiksje, sa as de bibel 🙂
Mar dat sil wol wat tafalle, hear. Us Keimpe is in rjucht-op-en-del keardel dy´t net fan ien slach lizzen giet. Dat hat no mar wer bliken dien.
Paciência!
Ja, hear, wy ha it yn streken krige — audiofiseweel kontakt.
Ik haw ús Keimpe mar wat jeuzelje litten en neffens my is alles tige yn oarder — ticht skip en sûn folk. Hy fielt him goed, sit op in prachtich moai plakje yn Cassis by Marseille en hat noch in wike foar it mêd.
Wat wol men noch mear!
Tank foar dyn berjocht oer Piter en Keimpe. Sterkte mei Piter en de dochter fan Maria! Mhgr. Sytze
MOI?! MOAI!
Hahaha! Bedoelst Keimpe, tink. Tige tank!