Sa âld as de wei nei…
Twa manlju yn Doardt meitsje alle dagen tegearre in kuierke troch de buorren. Hjoed dogge se in pear slaggen oer it tsjerkhôf om´t it sok slou en drou waar is; it skaad fan ´e hege beammen is bare labbertsjes op sa´n brodzige dei.
“Moatst hjir ris sjen,” seit de iene man, “hjir leit in keardel dy´t 193 wurden is.”
“Wat is syn namme”, freget de oar.
Jout de earste werom: “KM NAAR DRACHTEN”
Recente reacties