Russyske rûlette

Presidint
– It is dochs ûnbesteanber dat in lân in ynfal dwaan kin yn in oar lân en de Feiligensrie, dy’t derfoar stean moat dat soks keard wurdt, der loailiddich by stiet te sjen om’t de oertrêder fetorjucht hat? Soe in oertrêder dy’t teffens in sit hat yn ‘e Feiligensrie, fan ‘e FN net automatysk diskwalifisearre wurde moatte?

Siktaris-Ginneraal
– Hielendal mei iens, mynhear de Presidint, mar dêr kin ik neat foar, want ik bin fan ‘e Nafo.

PZ
– Ja, dat wit ik, bêste man. It wie wat praat op ‘e kant om — ik moast wat steam útlitte. Mar wêr’t jo al wat oan dwaan kinne — en wêr’t ik feitlik foar skilje — is it folgjende…
At jim noch net wisten dat it leger fan ‘e fijân gjin klap foar de kop wurdich is, sa hat ús leger jim dat sa stadichoan wol dúdlik en klear makke, tink?

S-G
– Abso-divekaters-lút! De measte tenks blaze har eigen besetting nei gychem, om’t har geskutskoepels yn gjin tweintich jier of mear ûnderholden wurden binne.

PZ
– Om mar wat te neamen! Mar dat skuort net út dat de geskutskoepels dy’t net fêstrustke binne, jit ûn en even skea oanrjuchtsje kinne… hawwe jim wol sjoen. Us manskippen sille har dêr wol mei rêde, mar jim moasten feitlik efkes de kraan tichtdraaie.

S-G
– Hoe bedoele jo, mynhear de Presidint?

PZ
– No, jim kinne mei jimme romtesatelliten ús bûtengrinzen yn ‘e gaten hâlde. Dat ik woe útstelle dat jim elts stik materieel dat út (Wyt-)Ruslân weikomt, fuort diskant grins in bom op falle litte. Dat soe in moai stik bûter yn ‘e brij wêze, sjuch? Dan weve wy ûnderwilens ôf mei it oarlochsreau dat hjirre al is. Ôfpraat?

S-G
No can do, mynhear de Presidint. Wy kinne jim mei de waarme hân de koördinaten fan sokke grinsoergongen trochdwaan en teffens de miniatuerfleantúchjes leverje dy’t de bommen falle litte moatte. Mar jim moatte sels de trekker oerhelje.

PZ
– Is soks net wat in hypokryt sizzen?

S-G
Bjusterbaarlik hypokryt, mynhear de Presidint! Mar sa sit de sturt oan ‘e baarch. Ik kin it ek net helpe.

PZ
– Dat haw ik langer mear heard. No, as it net kin sa’t it moat, sa moat it mar sa’t it kin.
Wat oars… Ha wy hjoed net it earste bedriuw fan ‘e Frânske presidintsferkiezings?

S-G
– Ja, mynhear de Presidint, hja binne hjoed.

PZ
– Ik bin bliid dat ekstreem-rjuchts in stoat lit hat, doe’t de moard útkaam.

S-G
– Doe’t útkaam dat dy partijen troch Pûtin betelle wurde en ferdistruwearje dimmekrasy yn Jeropa, bedoelt mynhear de Presidint?

PZ
– Hy wie oars al moai op ‘e gleed, mei dy Brútstap… om mar net te sprekken oer Brazylje en de FS yn Amearika. Mar no binne de pipen dan dochs út ‘e sek.

S-G
– De Frânske presidint leit yn ‘e lêste peilings oars noch mar in bândikte foar, hear.

PZ
Hija de P….

S-G
De Hongaarske ferkiezings is it okkerwyks ek al sa nuver mei gongen.

PZ
Dy grutfoarst op hege hakken hat de wrâld op in buordsje…
Is it net om jin gatten yn ‘e hûd te biten? En alleman ropt: ‘Yt mar lekker op, jonge, hear! Sa wurdst skielk in grutte keardel!’

Dit vind je misschien ook leuk...

3 reacties

  1. D.f.d.Meulen schreef:

    Veto-rioght is Latiin.
    ’t fólgjende /… oanrioghtsje kinne /…
    What oar’s /… Bruutstap /…
    Hija de P … up_’n buordsje …

  2. D.f.d.Meulen schreef:

    Soesty (dii) net iin_’e hacken frette?
    Om di de gâtten iin_’e hûd te biten!
    Begjin hjirre mar âll fäst, heär.
    EnsaWh.frl en sa wat hinne!
    Throagh Jaap Slager
    JonVlogger.Pt EÚnje
    RUSSISKE ROULETTE
    ’t Id Dòch ûnbesteanber, dât ’n lawn ’n iinfâll doàn
    kin iin ’n oaren-ien en ‘e Feilighied’s Ried neat do’t …

  1. april 10, 2022

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]