Roberta Flack
De foarste kear dat ik dyn antlit seach
Oft yn dyn eagen de sinne ries
En moann’ en stjerren
Struidest yn it rûn
Troch it swart en einleas swurk
De foarste kear dat ik dyn lippen field’
Oft ik de wrâld yn hannen hold
As it triljend hert
Fan in fûgeltsje
Warleas as in nij berne bern
Myn leav’
En de foarste kear dat ik by dy lei
Field’ ik dyn hert sa ticht by minent
Oft neist ús en ús lok
Neat oars bestie
Fan doe ôf oant yn ivichheid
Myn leav’
Sa wie ’t doe’t ik dy seach
Dy seach
Dy seach
Dy seach
Dy seach
Recente reacties