Risikoridduksje

  • IMG_0026

In man wie mei syn wiif en syn skoanmem op fekânsje yn it Hillige Lân, doe’t lêstneamde hommels it breidzjen dellei.
De deagraver stelde út: ‘It is fan twaen ien: of hja wurdt foar fiiftûzen euro oerbrocht nei Fryslân foar de begraffenis, of hja wurdt foar fiifhûndert hjir opdroegen.’
‘Dan lit ik har leaver oerbringe nei Fryslân,’ wie de man fuort út ‘e rie.
‘Dat begryp ik net,’ wie de deagraver alhiel ferstuivere. ‘Dat is ommers tsienris sa djoer. As jo har hjir bedobje litte, kostet de begraffenis fan jo skoanmem mar fiifhûndert euro. Wêrom yn ‘e goedichheid kieze jo dêr net foar?’
‘Dat sil ik jo útlizze,’ sei de man. ‘Ik haw der gûnzjen fan heard, dat der hjirre twatûzen jier lyn in keardel ferstoar, dy’t hjir ek opdroegen is. Mar trije dagen letter rûn er wer om oft der neat te rêden wie. Sjuch, dat risiko wol ik net rinne.’

Dit vind je misschien ook leuk...