Sjitfuorgewrâld

Wat is wier

Wat my nea ferjitte sil, is in passaazje út in boek fan Graham Greene. No ja, ik wit it net wurdlik mear, want dêrfoar is it fierstente lang lyn dat ik The Quiet American lies, mar de strekking wie dat wierheid tige relatyf is. De skriuwer liet ien fan de haadpersoanen yn it boek sizze dat it deftich sa wie dat de Amerikanen yn Fjetnam foar harren wierheid strieden, mar dat soks foar de tsjinpartij krektlikegoed gou.

Eigen parochy

Dy wierheid(!) as in ko kaam my yn it sin doe´t ik yn myn foarrige stikje opmurk dat tsierende partijen op it heden sa´t it liket net mear it geduld hawwe en harkje noch nei de arguminten fan ´e oare partij. Wêrom soene se? In ûngewosken miening falt der tsjintwurdich yn as in preek yn in âlderling. En men fynt it sa´t skynt folle moaier om mei in kul as in dampeal troch de eigen sjitfoarge te platfuotsjen en triuw dy miening by jins meistanners troch de strôt – “Lekker makkelijk!”

O, OSM

Ja, wêrom soe dat sa maklik wêze? Om´t meistanners – dat seit himsels – net mear oertsjûge wurde hoege! Dat, besykjen immen mei besonken arguminten eat ynsjen te litten is der net mear by. Sterker noch, arguminten binne mar oerstallige ballêst. Men mei hjoed-de-dei alles wol út in hynstekop sûge, want der binne lju by ´t seksje dy´t soks prachtich fine en jin grut gelyk jouwe, om´t se sels ek mei de stompe bile oeral op ynhouwe. “Ons Soort Mensen” neame Hollanners sokke lju út ´e eigen parochy…
Watte? Hoe´t men witte kin oft men mei de sjuchtme OSM oanhelle is?

Tomkes

Kenne jim dat, it opstutsen tomke? Hoenear´t ik in opstutsen tomke krij, sjuch ik it my oan safier is ´t al hinne – wat haw ik no wer foar dommens sein, freegje ik my ôf op sokke stuiten.
Troch de bân is it lykwol sa, wat minder selsbyld namstemear ferlet fan krúsbestowing mei opstutsen tomkes. Dêr is spitigernôch in dat oan – der is net in alternatyf foar in tomke!
Watte?
Jawis, men kin kapsje meitsje, dat is wier – in read holtsje, yn stee fan in opstutsen tomke. Mar, neffens my sit dêr noch wol wat tusken – tusken opteinens en lilkens, woe ik sizze.
Hin?
Nee, ik wol net yn ´e pleit gean foar in opstutsen mulfinger, nee, mar… in horizontaal tomke? Is dat net wat? Om oan te jaan dat it om jin net sa mâl hoecht?
Watsjo?
Dat is wier. Men kin ek skriuwe dat men it der net hielendal mei iens is. Mar dan moat men wakker om jins wurden tinke. Want men hat it samar bedoarn op it heden en wurdt neitiid op ´e rêch oansjoen – biedwurd: “Wie niet vóór mij is, is tegen mij!” Dy tinkwize hat de noardlike Nederlannen no ek berikt, sa´t it skynt.

Ynkwisysjetinkwize

Dêr moast ik juster efkes oan tinke, doe´t ik lies dat in Amerikaansk frommeske mei opset sin in lyts famke foar de kloaten riden hie. No ja, sei se neitiid tsjin ´e plysje yn ´e oertsjûging dat dy soks wol begripe soene, it fanke hie wol wat Meksikaansk, sjuch.
Soe dat minske withoefolle opstutsen tomkes krige hawwe, frege ik my ôf, alle kearen as se eat negativens skreau oer Meksikanen? Soe se út dy opstutsen tomkes, fia ekstrapolaasje, opmakke hawwe, dat de hiele wrâld, Meksikanen dêrby ynbegrepen, ien line mei har lûkt? In typysk gefal fan sjitfoarchhystearje?
Dy krúsbestowing yn ´e sjitfoargen fan ús “sosjale” media sil wol wakker noflik fiele, nim ik oan. En de mislearre yntellekteweel dy´t dwerse kneppels smite wol (om´t er gjin tomkes kriget), moat mar hinnegean en bedriuw selsbestowing op in heuvelrêch yn Furtsjefinne (of Portegal).

Nije byldestoarm

Mar, wat dizze mislearre selsbeflekker mar efkes kwyt woe is it folgjende…
De moaiste wurken fan minskehân binne stien foar stien mei dreech krewearjen, besonken oardiel en leafde fan ´e grûn ôf opboud – katedralen likegoed as dimmekrasy. En, jawis, minskewurk is net sûnder lek of brek. Mar, alles oan grús en grom slaan, inkeld om´t men sa´n loksillige opstekker kriget fan opstutsen tomkes, kin mar ien kear.

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. december 22, 2019

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]