Resolvearre?
Bêste Jan,
Yn it foarste plak, ik haw in ynoarm respekt foar dyn krewearjen. Man, wêr hellest de enerzjy wei?
Fierder is it dúdlik dat ús opfettings oer taal bytiden wat wriuwe. Do skriuwst yn dyn lêste brief oan Ed in pear kear datsto wat taal oanbelanget gauris op dyn gefoel ôfgiest. Sjuch, dêr lûke wy noch ien line, want ik bin ek net ien dy’t alle klapsketen de boeken foar it ljocht hellet. Mar dêr hâldt it sa’n bytsje op. Want do hast, as ik it goed begryp, in poer ynstrumintele opfetting oer taal – de lêzer moat net hoege te kôgjen (want dat hat er net oan tiid of dêr hat er gjin nocht oan?) – wylst ik dêr wat oare ideeën oer haw (alteast, as it net om nijsberjuchten giet).
Dat jout allegear neat. Ik fyn it wakker nijsgjirrich, dat ús wetters net altyd deselde kant út rinne. Dêr kin ik wat fan leare, no? Mar do begrypst njonkelytsen wol dat ik net yn alle bochten kin – ik bin gjin tweintich mear.
Lit ús dêrom mar ôfprate datsto tenei feroarest watst feroarje wolst. Ik set myn stikjes neitiid dochs op myn eigen side en dan kin ik dêryn de feroarings meinimme dêr’t ik fan sis: ‘Ferrek, dêr hat Jan de loarte by de skjinne ein!’
Ik sil it lykwols nea rûnom mei dy iens wêze. Der sit my bygelyks wat fan yn ‘e holle datsto lêsten ‘prinsepeal’ (= yn it foarste plak) feroare hiest yn ‘prinsipieel’ (wat neffens my hiel wat oars is). Mar, toe mar! Om my meist ‘risselwearje’ wol feroarje yn ‘resolvearje’, as de Gestapo (= Gelearde staveringspolemisten) ynienen fine dat soks folle better is – dat is my jut om jul! Ik piel gewoan op myn manear wat troch en asto my dêrby trappearrest op in flater, dan bin ik dy dêr o sa tankber foar.
Is dat wat, tinkste?
Noflike dei fierder!
Jaap
1 reactie
[…] Lês fierder by Jaap Slager […]