Regels binne regels
Doe´t ik krekt as learlingferpleger begûn wie, waard my ris opdroegen in pasjint dy´t ûntslein wie, yn in rolstoel nei de útgong fan it sikehús te bringen.
De man siet al klear — kreas yn ´e klean op bêd te wachtsjen. Hy hie de hoed al op, kofferke njonken him. Mar hy woe net yn ´e stoel, al wie it noch sa. Hy wie jit goed op ´e gong, seid er. Der wie gjin bidden tsjin. It baarnde my yn, want ik hie gâns om hannen. Likegoed die ik him ferduldich út ´e doeken dat ik no ienkear oan regels bûn wie. Lang om let liet er him belêze en gong yn it karke sitten. Underweis frege ik him oft syn wiif him strak ophelje soe.
´Dat tink ik net,´ seid er. ´Hja is dwaande har te ferstrûpen, boppe yn ´e badkeamer. Ik koe har dreech mei nei hûs ta nimme yn dy sikehúsklean fan har, wier.´
Recente reacties