Reaksje op Briefkje (102) yn It Nijs
‘Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn lêst(!) brief’ neffens my (dat wat oars is as syn lêstbrief 😉 ).
En, Sytze T. Hiemstra (as it my net mist) hat my ris út ‘e doeken dien dat de meartals-s yn withoefolle wurden ynienen ferfongen wurde moast troch -en.
Wêrom?
Om’t dy -s neffens de taalwetsizzers tefolle klam lei op it sibskip mei it Ingelsk en de bern just Hollânsk leare moasten.
Dat, it ferhaal dat de meartals-s in ynslûpsel wêze soe út it Hollânsk wei, wol my dêrom mar min oan. Wat is it no?
Dêrom net, soene jimme yn jim rubryk ris omtinken jaan wolle oan de Hollânske sinsbou dy’t men wat langer wat mear sjucht?
Us beppe wie der bygelyks o sa krekt op dat in sin – as it heal koe – net mei in ferhâldingswurd begûn. Freegje my net wêr oft se dy regel wei hie, mar se soe it boppesteande brief úteinset hawwe mei ‘Bêste Jan, ik fûn opmerkings yn dyn brief…’ en fierderop soe se de sinsbou feroare hawwe nei ‘Men kin nei ôfrin fan b.g. in foarstelling noch efkes neiprate…’
Myn fraach is eins: wie ús beppe yn ‘e beane of is dy taalregel yn ’t ferjit rekke?
Myn tank yn ’t foar!
Bêste Jaap,
dyn reaksje op Briefkje (102) haw ik lêzen en Jan Breimer ek. Yn it briefke fan moarn, 13 febrewaris, skriuwt Jan wat oer ien fan ‘e ûnderwerpkes en ik sil nije wike yngean op dyn beppe har taal.
Wol ik hjir oan tafoegje dat ik o sa’n niget haw oan dyn stikjes en alle kearen wer útsjoch nei in nije kollum yn Nij Frisia!
Mei freonlike groetnisse,
Ed Knotter
Beetstersweach