Rammekop

Hiel nuver, ik wit wol tsien dingen mear oer it hielal as Eise Eisinga – jawis wol! – en dochs wurdt Eise Eisinga fan withoefolle lju noch hieltiten beskôge as in baasman op it astronomyske mêd en hawwe se my op in pypfol – en dat tsjin better witten yn dus. It falt net altyd ta en bliuw de saken fan ’e ljochte kant besjen, as jin safolle omkromte bylein wurdt.

Dochs bliuw ik de wittenskiplike ûntjouwingen sekuer folgjen. Dat is nei alle tinken fan dy oarsaak, dat ik it mier haw oan dingen dêr’t net mear oan twivele wurdt. En dy kâns is lyts yn de wittenskip – astronomysk lyts, sa’t ik en Eise gauris tsjininoar grapjeie – de wittenskiplike wetten fan hjoed binne nammentlik moarn efterhelle.
Dat wy kinne ús ein net in amerij slûpe litte – om ’e wet net!

Lju dy’t nearne oan twivelje en dy’t miene alles al te witten, haw ik alsa it mier oan. Lju dy’t der wis fan binne dat as de learplicht efter de rêch is, der neat mear te learen is; lju dy’t, ast har seist “moatst dat boek ris lêze”, anderje fan “ik haw al in boek”. Dêrfandinne, tink, dat ik hoates en toates bin mei wittenskipslju; dy bliuwe altyd alles yn ’e kiif setten.
Alhoewol’t hja ek wakker brike setten útheve kinne, hear. Tink der goed om!

Nim it klonen bygelyks. It stiet my noch foar, hoe’t guon wittenskippers in skiep by de lurven krigen en der ien by makken. Hja bearden fan wûnder en geweld oer dat bysûndere risseltaat: hello, Dolly. Myn earste reaksje wie ek: tsjong!
Mar doe’t ik it yn my omgean liet: wachtsje ris, sit it him oan my of sette rammen soks net al iuwenlang út it strie: in skiep by de lurven krije en der ien by meitsje? Hja hawwe wat in eigen technyk, dat is wier, faaks net alhiel neffens de easken fan de wittenskip, mar likegoed, dy wittenskippers hawwe in rottekrûddjoere oplieding folge, wylst dy rammen meast net iens de legere skoalle ôfmakke hawwe – alteast, de rammen dy’t ik ken, Jangerben.
Nee, jonges, my hâlde jim net foar de gek! Ik hjit soks plagiaat.

Okkerdeis sei ik noch tsjin immen (ik neam gjin nammen, mar hy begint my in J en einiget op –angerben), ik sei tsjin him: tûzenen jierren al is de mins oan it filosofearjen. En wat hat al dat krewearjen fan de gnapste gelearden opsmiten?
Net mear as wat yn twa Fryske wurdsjes te heinen is: tis oars.

Watsei, Dauwe? Binne dat trije wurdsjes? Bist dêr wis fan, jonge?

Hawar, sûnt ik him dat foarhold, achtet dy ‘immen’ it wakker kemyk en reagearje no op alles wat ik skriuw mei: tis oars.
Wat in bysfeint, net!?
Ja, ik skuor my ek de bûsen út. In bytsje fertrietlik is al dat it lichtwol betsjut, dat er it noch hieltiten net foar it ferstân(?) hat. Hy is klear, sa’t it liket, sa klear as in mispel.

Dit vind je misschien ook leuk...

8 reacties

  1. jangerben schreef:

    Guon minsken ha san grut ego, dat alles wat út harren pinne komt de wierheid is. As in oar der wat oars oer tinkt, wolle hja harren lyk krije troch op de man te spyljen.

  2. Dauwe fon der Meulen schreef:

    Oxekop, ‘n oxhaad. Liowe- of Lammekop. Stoàrmlaam of -liow.
    Alinéa 2. May oarsaak èk? Laam VoGod’s of Raam Fôd’s, yöh?
    Wetten fon hjoed binne ntl. Sûnder comma may disse kear èk!
    ‘n Ave Marije woàrd ‘n amerij, skoftsje. Comma, dât, âs de lear.
    Bliow minder, blinder! Ik bliow de saken besjèn, bliow it fólgjen.
    Hje bliowe it iin ‘e kiif setten. En nèt ôld Friesk ‘hja’. Hje sette it.
    Hat Jon Gerben de Legere Skoàlle nèt ôff makke, raam, laam?
    Tis Fris hiit dât cafee oan ‘e Sint Ântoniesluus no èk all 30 yier.
    ‘T is I, by Shaks. Willem sayt now fon: It’s me. Réaksje fon biis.
    Clear âs ‘n mispel sûnder ferstân. ‘n Biitsje fertriet. Mespila of
    Nineveh, Nymphaea swanneblom, Nuphar plompeblêd, nimfe.
    Sûmearje, somer-set. 360 graden, 6 + 1 dagen iin uus wieken,
    Klaaitabletten full mey oantekens, 60 tellen, 60 menuten, hjir!

  3. Jaap Slager schreef:

    Jangerbens selsanalyze komt sachs foar guon wat út it skjinne wetter wei. It is sjesa om en ta gien …

    Okkerdeis sette Jangerbern in gedicht op it FB-webstee Fryslân en de Fryske taal. Dat wie moai, dus in tomme-op fan mij. It gedicht brocht my it foarwurd fan Gysbert Japix yn it sin by syn Friesche rymlerye. Dat my tocht: Jangerben sil it grif wurdearje kinne as ik Gysberts lêste sin der ûnder set.
    Mar, guon minsken – en dêr is Jangerben ien fan sa’t it skynt – binne sa aldergrouwélichst negatyf, dat se likefolle hokfoar reaksje as krityk sjugge. Dat yn stee fan wurdearring rispe ik snútslach op snútslach. Moai, net!
    Hoeden besocht ik him der op te wizen, dat it nea net slim is en twivelje út en troch ris oan jinsels. Mar, dat wiene de boer syn guozzen net – om’t alles wat út syn ‘pinne komt, de wierheid is’.

    Jimme sille dêrom wol begripe dat ‘grut ego’ yn boppesteande selsanalyze fan Jangerben ferfongen wurde moat troch ‘lyts ego’ – sels lju dy’t him gelyk jouwe, kinne fan him in wâd ûnder de hûd krije.

  4. Dauwe fon der Meulen schreef:

    Giisbert Japix (ik hav ik uutyefte 1989 diss. P.H.Breuker)
    Siin laeste sin … fon ‘t foàrwörd by de Frieske Riimlerije.’
    Siin doebel ss … foàrôff ‘n -ie- of ië âs iin Ië en iin Friesic.
    Allergrouwéligh-ste – en dêr id er (der) ien fon, – min ‘der’.
    Dit réaksje-petroan (‘troanje’) liedt dân ta die dyslecticus.
    De wiérhied hat ‘n skell loed! B’oppe-steande cell’s, sells-
    analyze kin ik dus nèt sjén up myn Clay-gleitablet, whant
    hi hat mi blockearre.
    Ockerdays J.gerben
    Ik siogh it stean up dyn side. – Frauljuseftigh oars thinke
    foldoànde geliik fine

  5. Jaap Slager schreef:

    Hat er Dauwe blokkearre? Ja, wat oars? Want, ‘As in oar der wat oars oer tinkt …’ ensafh.

  6. Dauwe fon der Meulen schreef:

    Rigel 1. Dyn réaksje … uut iT skjinne wetter.
    Rigel 2. Okker dey’s … JongerbeN.

  7. Dauwe fon der Meulen schreef:

    Âs ‘n oarenien de wiérhied sayt,
    Libbet er leävver iin ‘e Leagen.
    Partij fon ‘e Arbaidsleazen.