Radio Mare Frisicum

As wy eartiids nei trije wike oan it strân fan ‘e Middellânske See Luik foarby stoden, dan hiene wy kâns en fang wer in Nederlânske útstjoering op mei it autoradio – bygelyks Radio Noordzee. Wat fielde soks apart en… eigen.
De jongerein hat soks op it heden net mear nei alle tinken; hja beharkje Jürgen van den Berg mei it heitelânske nijs yn Wladiwostok noch – fia satellyt.
Friezen om útens kenne dat gefoel noch al, wol ik leauwe, benammen at se guon lju ynienen yn ús memmetaal praten hearre – dêr tsjucht jins bloed fan op.

Dat my as jonge it bloed opteach fan Radio Noordzee, mei ik as oprjuchte Fries fan guon puristen faaks net iens tajaan, mar it bloed tsjucht dêr’t it net gean kin – dêr is gjin bidden tsjin. As alfamantsje haw ik no ienkear wat mei talen. En it Nederlânsk hat, fyn ik, as twadde taal ek syn sjarme. Alhoewol’t it goed besjoen wat in dialekt fan it Frysk is – of leaver, in gearmjuksel fan Limboarchsk (Frankysk dialekt) en twa Fryske dialekten (it Westflaamsk en it Westfrysk).

Dêrom net, mar de Friezen hawwe har altyd wat in apart folts field yn Jeropa. Wy hiene net sa botte folle mei dy opljeppene Saksen – dy’t teffens troch de Romeinen al as oarlochssuchtich sjoen waarden (en dát wol wat sizze, no).
Wat soene wy ek allegeduerigen op ’e kletter om Lebensraum? Us Lebensraum waard ommers beskaat fan ’e see – simmerdeis hiene wy Lebensraum tewille en yn ’e winter lutsen wy ús tebek op ús terp. De see wie ús natuerlike fijân en tagelyk in natuerlike freon. Want, as er him op syn bar yn ’e maaitiid tebekluts, och jonge, dan brocht de fette klaai dy’t er foar ús efterliet, wakker dij yn ’t lân.
En winterdeis moasten wy ús fortún mar wat sykje. Wy koene ommers net ien komme litte at der wat wie – it alarmnûmer joech doedestiids allegeduerigen gjin gehoar.
En sa learden wy allinkelytsen: dy’t himsels rêde moat, kin in soad. Soe it dêrom wêze, dat ús noch altyd wat yndividualistyske genen yn ’e lea omwine?

Dy kadâns fan eb en floed foldie ús teffens bêst. De see nimt, mar jout ek in protte. Men berint it lok op it lêst net as men kriget wat men ha wol, mar as men jins gerak kriget.
Dat pulsearjende bestean joech omtinken beheindens – dat is sa – mar ek in soad frijens – men hie mei net ien gedoente en nimmen hie gedoente mei jin. Magna Frisia bestie goed besjoen inkeld yn namme – by de dei lâns wie ús terp ús heitelân. Wêr’t wy bernen, dêr stjerden wy. En wy kamen troch de tiid mei wat te fiskjen en te buorkjen.

Der ûntstie in spjalt yn Fryslân doe’t dy rimpene Saksen manmachtich de grutte rivieren ôfsetten kamen – dat wie mei gjin touwen te hâlden fansels. Ja, en doe is der wat in mingkultuer ûntstien, no, doe’t dy Saksen hinnegongen en bestipkje de lokale froulju fuort mar wat oan ’e bilkant.
Soe it dêrom wêze kinne dat de trochhinne Hollanner noch hieltyd oan ’e iene kant wat hat fan de relativearjende irony, eat mei de gek beslaan wolle, fan de Fries en oan ’e oare kant wat fan dy typysk eptige smoar en domgrutskens fan de trochhinne Dútser? De ynlânske Dútser moat ik faaks sizze – dy’t yn ’e kuststripe húsmanje binne trochinoar nommen wat guodliker.

En sa is de Nederlânske taal dus ek ûntstien – in soarte fan Frysk-Saksysk. Ja, en de Saksen waans stro yn Hollân ek net bakte, stapten by Hoek fan Hollân op it boat nei Albion. Dêr sieten ek smiten Fryske jongelju by, is de hjitting, dy’t de ridel yn it gat hiene, en ek party oare omjaskjende buorlju fan ús – Juten en Angelen. Dat it boat wie samar fol en moast in stikmannich kearen op en del – ‘heen en weer’ neffens drs. P. En dat is wat in raazje wurden.

Wêr sil dit op ta, kin ik jim suver tinken hearre.
No, dat wit ik sels winliken ek net mear. Dat haw ik wol faker; dan bring ik mysels mei myn eamelerij fan it sjapiter.

O ja, ik wit it al wer. Dat woe ik sizze: dat it Hollânsk, dat fan oarsprong dus feitlik wat in griemmank is, op it heden wichtiger wurden is as it Frysk…
Watsjo?
Ja, mei in soad help en stipe fan ’e Friezen sels – dat is sa. En dy’t himsels weismyt, wurdt fan in oar net opkrige.

Wêr’t ik op ta woe, is dat ik der wis fan bin dat mannige Hollânske ginneraasjegenoat dat werkend hat wat ik oan it begjin fan dit stikje skreau oer Radio Noordzee – it gefoel dat jins memmetaal wat aparts is, wat eigens, dêr’t jin it bloed fan optsjen kin.
Dêrom is it nuver, fyn ik, dat dyselde lju gauris wakker delsjen kinne op it Frysk. Wat foar harsels jildt, jildt sa’t it skynt net foar in oar – dan is it ynienen oanstellerij.
Nuver fyn ik dat, dy skeetskens – in Saksysk oerbliuwsel, tink.

Dit vind je misschien ook leuk...

3 reacties

  1. Anoniem schreef:

    Beast fon doel om all myn ferbetteringen te negearjen?
    Fierst ‘n untmoedigingsbelied? Sont Nuclear Armaged-
    don en miljarden (USA reckonet èk all iin billioenen, ja)
    Hjirre de yongelju(den) havve, mar de yongerein(d) hat.
    Jongerande, snein – sunnandey. Leävver, -vv-, Hollânsk?

  2. Jaap Slager schreef:

    Ferbetterings negearje ik net fansels.

  1. juli 16, 2018

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]