Pussyalbum
Doe’t ik okkerdeis de badkeamer yn wappere, siet de frou op it bidet, skearkwast yn ’e oanslach …
Ik leau net, dat dokter dat foar eagen hie doe’t er sei dat de poes foartiid skeard wurde moast, besocht ik de spanning dy’t der dy moarns wat hearske, mei gekheid te beslaan. Wy soene dy deis nei de bistedokter yn Beja, sjuch, om ien fan ús katten sterilisearje te litten.
Hja koe der net om laitsje – nee, it falt net altyd ta mei in keardel út ’e Lege Lannen wei dy’t gjin gefoel foar seremoanje hat. In foto meitsje mocht ek al net.
No, fuort dan mar! Ik haw no ienkear de ûnderfining, dat de iennichste dy’t alfolle slop is om myn grapkes, ik sels bin. Rjucht begripe doch ik soks net.
Bistedokterske liet ús deryn. Hja wie, sa’t it like, hast oan ’e smite ta.
De yngrepen fan jo man hawwe sa har útfallen, sjuch ik wol, besocht ik it iis te brekken mei in grapke.
Hja koe der net om laitsje – hja seach my sawat oan oft ik ynpleats it wetter brutsen hie. Boppedat krige ik fan ’e eigen frou fan Leien op Delft, dat men sokke dingen net seit yn Portugal en dat ik my foar de feroaring ris ta deugd oanstelle moast.
In protte tiid foar diskusje wie der net, want dêr wie de – ik mei wol sizze, wielderige – assistinte ek al. Hja joech ús rûnút te hâlden, dat wy it pasjintsje healwei fjouweren wer ophelje koene. Ik harke mei sân pear eagen. Poes skuorde ek in pear blauwe eagen as teepantsjes op. Mar dat wie om’t it boarstige frommeske rislút de kouwe opkrige hie. Hja liet in kleierich rutsen miau hearre – poes bedoel ik.
Ja hear, dêr hiene wy ’t al: de triennen rûnen myn frou krúslings oer it antlit.
Ai, minha mãe, waard de assistinte weak, sette de kouwe wer del en loek myn frou tsjin har oan.
Dat ik sette it ek fuort op in âljen; men komt op it lêst net alle dagen yn ’e talis en sjuch Silicon Valley fan tichteby. It wie om ’e nocht, ik waard net oan it oer lein.
No ja, ek net sa slim. Ik haw it wat yn ’e rêch, sjuch. En mei sa’n leech dekolletee … ’k wit it net.
Dy jûns, doe’t wy thúskamen, krige ik fuort it fototastel. Poes liet it allegearre sûnder ferset oer har hinnekomme. Doe’t ik de freegjende loaits fan myn frou merkbiet, bommele ik: Foar myn poesyalbum.
Recente reacties