Prokrastinaasje
Sa’n tritich jier lyn, krige ik yn in leargong fan de stichting Bedriuwskunde fan dosint Paul Valens silger tafoege: ‘Jaap is in meunster yn strategysk tinken, mar isolearret him dêrmei aloan mear… in foech Nietzsche.’
It wol my oan dat ús mem wat koarter om ’e hoeke wie at se sei: ‘Slûge soe ek, mar hy stoar earder.’
Mar it is wier… myn Maria ‘sjucht it wurk’ en lit it net begêrzgje, wylst ik, as him inkeldris eat foardocht wat Maria net risse kin, earst betinke moat hoe’t ik soks út ’e wei sette sil. En as ik dat betocht haw, bin ik foar myn gefoel klear. As Maria foar de safolste kear freget oft it noch wat wurde sil, dan hat it kâns dat ik wat wrantelich anderje: ‘Toe ju, net sa driuwe! Dat is ommers it oergearkommen mar – it rûchste part haw ik al hân.’
Ik haw nea net bot ynteresearre west yn problemen dy’t al oplost binne en dêr’t withoefolle lju dus al doel oer hawwe. Op jierdeis koe ik dêrom nea meidwaan mei hetsige diskusjes oer auto’s en fideo- of audiotastellen. Wêrom soe ik my de holle brekke oer eat dêr’t oaren al alles oer witte?
En by in praktysk probleem skillet men in fakman. En dy betellet men hoenear’t er dien wurk makke hat.
Allinne, dat kin hjir yn Portugal net.
Ja, men kin wol ien skilje, mar… dy komt net. Hy seit wol dat er komt, mar… hy komt net. Hoe’t ik mei dy hâlding lâns moat, bin ik nei goed tweintich jier jit net efter. Sa haw ik yn ’e rin fan fiif jier withoefolle faklju geweken nommen – oer dat ik in nij dak ha moat. Net alle sân dakken! Nee, ien! Ien dy’t op plakken lekt, as it reint – in waarferskynsel dat him ien- of twaris yn ’t jier oppenearret.
Faaks binne it bleat in pear stikkene dakpannen. Dat soe bêst kinne, dat wit ik net. Ik kin it yn alle gefal net ferifiearje – ek net as ik tige hoeden it dak op teantsje – mei myn stikhinne trijehûndert pûn. Want dan moat der sowieso in nij dak komme!
Mar, sa’t ik sei, dêr komme se net foar. Dat, dan moat men sels, no? Net fuort wrotte en wrame! Nee, earst efkes kalm en bedaard betinke hoe’t men dat op prikken sette sil. Letterlik yn dut gefal! Want ik betocht dat ik mei in kwaste oan in lange prikke it hiele dak mei in soarte fan rubberferve folkwitse en -kwastkje kin. Klear!
No ja, klear? It tinkwurk!
Jaget de waarman op it tillefyzje my ynienen de grize op ’e lea, mei dat stoarm Hermínia raar wurk meitsje sil. ‘Ja,’ besykje ik him wat del te praten, ‘mei in bats reinwetter yn it noarden en de midden fan it lân, tink!’ Nee, blinder, diskear ek jimme kant út!
Doe rekke ik yn panyk. Oe heden, dan moat der dochs mar in set fan wêze! It wie mar goed dat ik it rûchste, de serebrale tarieding, al dien hie. Dat, mei fyftjin liter fan dy rubberrommel wie ik foar goed hûndert euro klear. Lit it no mar reine!
Mar dêr kaam wer neat fan op ’e hispel, fansels.
Twa dagen letter kaam de waarman op ’e proppen mei stoarm Ivo. (Hoe sit dat? Wy binne jannewaris en kwa stoarmnammen al by de I?)
Mar… wer gjin drip!
Wol skande. Dy fergriemde tiid hie ik besteegje kinnen oan in ûnoplost probleem.
1 reactie
[…] Lês fierder by Jaap Slager […]