Previntyf taalbehâld
Och jonge, it is hjir yn Portegal noch folle gekker …
Kriminelen wurde hjir allinnich ‘pakt’ en fêstsetten at har misdie slagge is. Bygelyks at se yn it ramt fan ‘violência doméstica’ (húslik geweld) harren wiif en/of bern dea knoffele hawwe. ‘Prisão preventiva’ hjitte se dat hjirre.
Sjuch, dan bin ik slop!
Wat is dêre yn ‘e goedichheid ‘previntyf’ oan? Men soe ferwachtsje dat ‘previntive finzenisstraf’ yn ‘e reden leit at se allinnich mar besocht hawwe en help wiif en/of neiteam út ‘e ljochten. Mar nee, dan binne se fuort wer op frije fuotten, ûnder it biedwurd ‘alleman fertsjinnet in twadde kâns, netwier? Earst mar ris bewize datst in keardel bist en dat it dy tinken is! Prate wy dan fierder oer … eh, previntyf fêstsetten. Wy wolle op ’t lêst gjin amateurs yn ús finzenis.’

Dat fan dy jierferslaggen wist ik net – dat it wetlik fêstlein is dat dy inkeld en allinne yn it Frysk opsteld wurde meie. Wisto dat? Fuort in moai stik bûter yn ‘e brij foar Frysktalige registerakkountants, liket my sa ta. Mar hoe’t dat sit mei dy Frysktalige bysluters, bliuwt foarearst in mystearje dus. Dat soe winliks wetlik fêstlein wurde moatte, fynst ek net? Net dat dy inkeld en allinne yn it Frysk opsteld wurde meie fansels, mar dat der by in medikamint yn De Nederlannen twa tearbledsjes sitte moatte – ien yn it Hollânsk en ien yn it Frysk. Fuort in moai stik bûter yn ‘e brij foar Frysktalige oersetters.

1 reactie
[…] Lês fierder by Jaap Slager […]