Polder yn ‘e splis
Myn stikje Kliemskekloatekultuer fan in moanne lyn brocht ik al yn op it aljemint dat de Nederlanner, wat syn kultuer oangiet, in hurd man op in weak tsiis wurden is. In man in man, in wurd in wurd? Das war einmal!
Oar foarbyld ….
Lei it ús goed tweintich jier lyn jit op ‘e namme dat wy der in aardsje fan hawwe en sykje jimmer nei wêr’t wy it mei-inoar lykfine kinne, op it heden hat it der alles fan dat wy der plat foar lizzen gean en lit ús oerwâdzje fan de sa’t skynt út Amearika oerwaaide cancel culture — “Ien(!) ferkeard wurd, heite, en ik praat nea wer mei dy! Watte? Ik sil dy blokkearje! No sa!”
Wa? Ikke sels? Och, ik wol wier wol wêze dat doe’t ik fan ‘e wike lies dat der withoefolle piken romme wiene mei’t de fûgelpest net op oar plomfee oeraardzje sil, my ûnwollens tocht: Hoenear soene se einlings en te’n lêsten ris fan ‘e ein sette mei it romjen fan ‘e wappies? Itselde prinsipe, no?
Hin?
Nee, net leaf fan Jaap. Sa moatte wy winliken net, jo hawwe gelyk.
In minsklik wêzen is ommers safolle mear as in (oare) miening of in (oar) hâlden en dragen. It is in som fan withoefolle talinten en ûnderfinings. Wy kinne sa’n ryk wêzen dochs net fersmite fanwegens in ferkeard wurd of in misse set? Wy moatte dochs net tebekdriuwkje nei de tiden fan ‘e ynkwisysje? Moatte wy der net just grutsk op wêze dat de noardlike Nederlannen yn dy snuorje in barrikade opsmieten tsjin ûnferdraachsumens? Moatte wy dan no fuort mei it mes dwers yn ‘e bek stean as in oar in bytsje oars wol as ús?
Ommers, ús kultuer kaam earst goed ta flecht, doe’t withoefolle bûtenlanners har taflecht en asyl socht hiene by de noardlike Nederlanners. Want dêr wie lijte, dêr wie hâld en wâld.
Moat dêr erflik en ivich earst oarloch wêze foar’t der frede komt?
Hin? Frede is in logysk gefolch fan oarloch?
Ja, as jo sa begjinne, sa kin ik dêrtsjinyn lizze dat it stadichoan wol sa liket oft oarloch in logysk gefolch fan frede is. Mar sa bedoelde ik de fraach net. Nee, ik bedoel dat withoefolle lju dy’t de besettingstiid noch meimakke hawwe, ornearje dat wy doe folle skerper foar de fernullen hiene wat ús bynt. Men wie der foarinoar — der wie solidêrens. Gjin ikke, ikke, ikke — men hold jin maatlik. Frede yn oarlochstiid. Wy hiene de oarloch nea wûn sûnder dy frede — iendrachtigen ta it goede binne sterker as iendrachtigen ta it kweade.
Watsjo? Wûn mei help fan ‘e Amerikanen?
Dy slach is jowes!
No’t wy it dêr dochs oer hawwe … Is it net om jin de bûsen út te skuorren dat men it op it heden mei de Dútsers better lykfine kin as mei de Amerikanen? Is dat net it bewys dat der net in abslute wierheid is? Dat hâld mar op mei dy wiispraterij! Dan doch ik dat ek.
Boppedat, as in bûtenierdsk wêzen yn Amearika in dimmekraat en in faks… eh, rippeblikein op it skenapparaat lizze soe, hoefolle ferskeel soed er dan sjen?
Hin? Wêrom’t ik in Amerikaansk foarbyld nim?
No, om’t wy hjirre al gjin besjen mear lije kinne. Hoefolle fleanende skûtels binne it ôfrûne jier boppe de Nederlannen opmurken?
Dat woe’k mar sizze.
1 reactie
[…] Lês fierder by Jaap Slager […]