Poatleadsuteler
Al sitte wy sa’n fyftich kilometer streamop fan ‘e riviermûning ôf, wy hawwe hjir noch altyd de ynfloed fan eb en tij… mei in fertraging fan goed trije oere.
Dy trankyl pulsearjende beweging sit de lju hjir ek wat yn it bloed — de wrâld leit har wol sljucht. Dat hat neffens my ek wat mei har moarske komôf te meitsjen.
Wy ha yn it Westen noch de yllúzje dat wy ús lot yn eigen hân hawwe… at wy der mar boppe op sitte. De profeet Mohammed wie lykwols fan betinken: It hat neat gjin sin en rin jins lot nei, want jins lot rint jin wol nei.
Dy yn westerske eagen wat fatalistyske libbenshâlding fynt men teffens werom yn de hertsearige Portugeeske muzykfoarm fado (=lot).
Mar ho ris, hear ik jim al roppen, binne de Moaren net al withoelang lyn fan it Ibearysk Skiereilân ferdreaun?
Jawis! Mar hoe giet soks yn syn wurken? Men kin fan tinken wol ha dat sok ferdriuwen him beheinde ta wat eallju en pommeranten yn de kulturele sintra, dy’t hastich werom nei Afrika útfilen, foar’t der beslach lein waard op har lúkse jacht.
It plattelân lykwols, dêr feroare net safolle foar. Dat hie neffens my ek skraabjen by de kant om wurden foar de stedslju, at de boer-en-dy de seine derby delsmiten hiene en op har pream fan wâl stutsen wiene.
Nee, de boer… dy ploeide wol troch. Hy hie foar ‘t neist net iens erch yn de machtswikseling. Dat hoe soed er witte moatte dat de nije bewâldslju it smoar op de moar yn hiene? Allahû akbar!
Mar ja, ferdraachsumens is meast net it sterkste punt fan religys. Dat doe’t de ynkwisysje de foarsje waard, krige de boer rillegau foar de fernullen dat in baarch yn ‘t hok en wat spek op ‘e deizen wûnder tsjûgen fan it wiere leauwe wiene. Dêrfandinne, tink, dat oant hjoed-de-dei ta bargefleis foar in sus en in leur te keap is. Of fleis fan de evert (javali), want der ûntkaam en ûntkomt wolris ien, no? En dat is wer spek foar de bek fan de jager; se binne hjir slij nei wyldsjitterij.
Ik wit noch dat ik as lyts jonkje mei ús heit ‘de boer op’ gie. In hússlachting waard meld oan ‘e fleiskeuringstsjinst en ús heit moast der dan hinne om te sjen oft alles hâns foar foets wie.
Wy seagen fan fierren de baarch al mei de jas iepen tsjin de gevel fan de pleats stean, as in foech poatleadsuteler dy’t ús wolkom hiet. Dy oerheidsbemuoiïng wie de boeren net earlik wolkom, mar se hellen noch wol de stroom fan it karkas ôf, foar’t ús heit mei it mes útskeat.
Oerheidsbemuoiïng hawwe se hjirre noch nea fan heard. Men hoecht yn ‘e slachtmoanne allinne mar op it gûlen ôf te gean en men fynt in bear op ‘e dyk. It mes wurdt hantearre fan ien dy’t wit hoe’t de sturt oan ‘e baarch sit. De eigener-en-dy diele wilens sûpkes út oan passanten.
De oerheid? Dy sil harren woarst wêze.
De 10 Geboaden yn ’e Alentejo
- Libje om út te rêsten
- Hâld dyn bêd yn eare, it is dyn tempel
- Ast ien sjuchst dy’t útrêst, help him dan
- Rêst oerdeis út, mei’tst nachts sliepe kinst
- Wurk is hillich; dat… net oankomme
- Doch hjoed net watst moarn ek dwaan kinst
- Wurkje sa min as it mar wat kin; want wat dien wurde moat, wurdt fan in oar wol dien
- Trankyl, der is noch nea ien dea rekke troch út te rêsten, mar kinst dy wol sear dwaan troch te wurkjen
- Ast ferlet fielst om wat te dwaan, gean dan efkes sitten oant it oergiet
- En ferjit foaral net: wurkjen jout sûnens; dat… lit it oer oan immen dy’t siik is
It Nijs hjit ik no fan Jan by, nei ús heit. It sil wol komme om’t Easterlittens te praat kaam mei de einredakteur en ik fertelde dat Jan Slager dêr altyd topskoarer wie.