Piter Griens Krikerige Mek
Ferlet fan in hân en help my troch de nacht
Fan sêfte earms dy’t my kuozje en leafkje út alle macht
Sadree’t it tsjuster wurdt, bin ik skjin ynein
En kriget dizze jonge ferlet fan dij
Ferlet fan dyn leafde, as it heal kin
Fan ien dy’t my eat ûntstride doar as ik derby troch bin
Dat as it tsjuster wurdt en tiid is om nei hûs
Dan kriget dizze man och sa’n ferlet fan dij
Dus wat is derop tsjin en smyt de lapen gear
Inkeld dyn leafde, skat, ik hoech echt wier net mear
Sis datst it ek wolst, oars wurd ik gek
Want, oe, dizze man hat sa’n ferlet fan dij
Ferlet fan dyn swiet lûd, in strieling foar it ear
Sit mar net yn noed, fanke,
ik freegje al myn libbensdagen net mear
Inkeld dit iene ding, leave, jomp by my oan board
Want dizze man kin net sûnder dij
Recente reacties