Pillepenoaze 2

‘Wachtsje!’ seit buorman en rint deryn. Even letter komt er wer út ’e hûs mei in boek: ‘Moatst dut ris lêze.’

De titel fan it boek is: Curas Naturais que “eles” não querem que você saiba. Wat delkomt op Natuergenêswizen dy’t “hja” net op ’e tromme ha wolle.
Rillegau krige ik by it lêzen yn ’e lampe wa’t der mei ‘hja’ bedoeld wurde: de pillepenoaze. ‘It gebrûk fan medisinen groeit by de dei,’ docht de skriuwer my te witten, ‘mar it tal siken groeit noch folle hurder – hoe kin dat?’ Syn konklúzje: medisinen genêze gjin sykten, se litte inkeld de ferskynsels derfan ferdwine en… bringe op ’en doer nije sykteferskynsels tewei.’

A, no begryp ik wêrom’t buorman my dut boek yn ’e hannen treau.

Oneliners as ‘medyske feiten bestean net, allinnich medyske opinys’ wolle my wol oan. Ommers, wat juster wakker sûn wie, is hjoed ynienen op ’e kop ferkeard.
Hûndert jier lyn bygelyks waard yndustrieel manipulearre fet, saneamd transfet – tink bygelyks oan margarine of halvarine – oanpriizge as folle sûner as boerebûter. No komt men der stadich efter dat it tal hert- en iersykten yn ’e westerske wrâld sûnt eksplosyf tanommen is.
De fraach is fansels oft der in kausaal ferbân is?
Guon (ûnôfhinklike?) lju fan witnis sizze fan al; de pillepenoaze seit fan net.

‘Habsucht,’ ornearret de skriuwer, ‘is de woartel fan alle kwea. It iennichst berie fan de pillepenoaze is: “Wat win ik dermei?” Minsken soene yn ’e medyske wrâld yn it foarste plak komme moatte, net it jild. Mar de praktyk is rjuchtoarsom. It giet om ûndernimmings dy’t elk foar oar oan ’e beurs notearre stean. Dat, har bestjoerders binne wetlik ferplichte en garandearje de oandielhâlders maksimale winst. […] Hja hawwe yn Amearika bewurkmastere dat yn ’e wet fêstlein is dat inkeld medisinen sykte genêze meie. En om as medisyn tjild te wurden, moat it earst fan withoefolle ynstitúsjes goedkard wurde, wat in knoarre jild kostet.’
Oars sein, asto ropst datst in middeltsje fûn hast dat diabetes of kanker genêst, dan klaget de pillepenoaze dy strafrjuchtlik oan, want do bist net troch de foarskreaune kanalen gien en hast net (tsjin betelling fan útskriptige bedraggen) de juste papieren yn dyn besit.

Alteast, sa giet dat yn Amearika. Hoe’t soks yn Jeropa giet, wit ik net. Mar dat sil net folle oars wêze, want ik moat ynienen tinke oan dy sjoernalisten dy’t – wannear wie it… tsien jier lyn… tweintich? – ris sjen woene hoe’t soks yn Jeropa yn syn wurken gie. Hja krigen it klear en krij in produkt foar liifboaitskens goedkard. It feitlike produkt wie net mear as in sinesapelnetsje, mar it wie troch de juste kanalen gien en hie de foarskreaune papieren.
Hin?
Ja, jim hawwe gelyk, froulju binne – sa’t John Lennon al sei – de neger fan ’e wrâld. En hja telle yn ’e medyske wrâld al hielendal net mei, hat út ûndersyk bliken dien.

Ik bin altyd wol te finen foar in moaie oneliner, sa net… mar it gefaar mei dy dingen is dat it grutte publyk dy foar swiete koeke opnimt. Dat wie hjir ek it gefal, want it is it bêst ferkochte boek yn Amearika ea.
Dat de skriuwer tsien jier yn it dievepakhús sit of siet, seit my net sa folle – dat kin ommers komme trochdat de pillepenoaze goede abbekaten hat. Nee, wat my steurt is dat de skriuwer wat in hâlding oannimt fan ‘Ik bin de iennichste idealist dy’t it goed mei jo foarhat.’ Dat fyn ik wat te radikaal, sjuch. Want der binne perfoarst smiten lju dy’t it tinken is mei harren Eed fan Hippokrates.
Mar, toe mar, ekstreem is de nijste moade.

Dit vind je misschien ook leuk...