Pillepenoaze 1

Ik haw yn myn trije ferhalen oer Coïtus Corruptus ûnder it haad De Analen al omstannich ferslach dien fan de ûndersiken oan ’e Bilkant, mei ik-sei-de-gek yn ’e rol fan slachtoffer.
Risseltaat: ik moast oan ‘e pil.
Want út it earste ûndersyk hie bliken dien dat der stront oan ’e finge… uh, knikkert wie – myn prostaat koe wol in profesjonele fuotbalwedstriid mei spile wurde, sa grut wied er.
Mar dêr wiene piltsjes foar.
Klear. Wat moat dat moat, no? Kom mar op mei dy rommel!

Doe’t ik it doaske leech hie, riisde de fraach: Is it no klear of moat ik my foar de wissichheid op ’en nij fingerje litte?
Dêr skoarearze (lês: skuorearze, ferl. Coïtus Corruptus 2) ik nochal tsjinoan. Dêr woe ik wol graach… uh, it gat foar wei wine.
Mar ik sil net op de saken foarútrinne. De pilleboer lei my út dat in nij ûndersyk fuort net fanneden wie, mar dat ik tenei al myn libbensdagen oanklaud siet mei dy piltsjes.
‘Watte? Wêrom hat dokter dat fuort net sein? En wêrom hat se dan in resept útskreaun foar ien luzich doaske? Ik tocht dat ik no klear wie!’
Ja, dat koe de pilleboer my ek net fertelle.
It wie my al wol opfallen dat dokter altyd mear ynteressearre like yn har kompjûter as yn it ûnk en wee fan har pasjinten. Mar toe mar, wat moat dat moat, wier?

In skoftke letter krige ik ôfgryslike jûkte oan ’e sek (ferl. Zakkenwasser 1 en 2 ûnder it haad Meeëters).
Mar dêr wiene piltsjes foar.
Doe krige ik lêst fan lichtens yn ’e holle – it waard my bytiden grien en blau foar de eagen.
Mar dêr wiene piltsjes foar.
Doe gong myn ereksje hinne en lit bytiden de kop hingje.
Mar dêr wiene piltsjes foar.
Doe sei myn bûkswjergea dat myn bêdbuks wol skeat, mar… der kaam neat. ‘It is mear in wynbuks,’ ornearre se.
Dêr wiene gjin piltsjes foar, mar dokter sei by de noas lâns dat soks in gefolch wie fan de prostaatpiltsjes; it sied gong nei binnen ta.
Watte? Nin niget dat ik sa’n grouwe bealch haw!

Dy opmerking fan dokter brocht my der by thúskomst ta om de bysluter ris te lêzen. Ornaris lês ik inkeld de bysluters fan Maria har pilleboel. Want ik wol perfoarst net hawwe dat hja fertochte rommel ynnimt?
Hawar, de bysluter die út bliken dat alle klachten dêr’t my neitiid oare resepten foar útskreaun wiene, bekende byferskynsels fan it prostaatgenêsmiddel wiene.

‘Sa net,’ sei ik tsjin buorman Zarak, dy’t ek mei syn prostaat omgammelet, ‘genêsmiddel is wat in grut wurd, want der wurdt neat genêzen. Dat miende ik yn it begjin mar. Der wurdt allinnich in sykteferskynsel mei weinommen. En dat middel ferskine wer oare sykteferskynsels troch. En it aldermoaiste fan dy negoasje is, ik wie hielendal net siik. Dy ûndersiken en pilleboel waarden my as in lekken oer de holle smiten, allinne mar om’t ik nei foaren brocht hie dat ús heit doedestiids mei prostaatkanker oanhelle wie.

Dit vind je misschien ook leuk...