Pake syn wein
– Hoe is it mei de wein, Keimpe?
Jouke de Groat wist persiis hoe’t er Keimpe Piters Dykstra op ‘e lije side oankomme moast.
Dan kaam ús pake glunderjend oerein. Want it petearret it noflikst as men it ûnderwerp yn it each hat, no? En dan stiene beide mannen foar it rút nei bûten te sjen – ús pake mei it boarst foarút, hannen op ‘e rêch, sa grutsk as in stoaterske hoanne, en De Groat mei de hannen yn ‘e bûse en mei tewille ‘Soa!’ en ‘Nee, wol?’
Ut en troch kaam der in hân fan ús pake nei foaren en omheech om syn wurden wat mei te jaan. En dêrby seach er de oar fansiden mei gleon each oan: Moat Jouke goed begripe!
Wa’t no mient dat der in baas wein foar It Âld Skoalhûs oer lâns de kant fan ‘e dyk stie, in foech Maserati of sawathinne, sil ik fuort mar efkes út ‘e dream helpe – it gong om in ljochtbrún dafke.
Efkes foar de jongelju, dafkes wiene autokes fan Nederlânsk makkelij, dy’t by it kilometer boud waarden en ôfseage sa’t men se ha woe.
Mar, it jout neat, ús pake en beppe wiene der wakker wiis mei, mei ‘pake syn wein’. It dafke wie yn ‘e eagen fan ús pake like grut – en sachs noch in slach grutter – as de baasommen Mercedes fan ‘e besite, dy’t derefter stie.
En alle kearen as ik útfanhûs wie, gong ik wol in kear mei pake en beppe in eintsje te riden – of better, hja mei mij, want dizze man siet efteryn. No soe in dafke noch net grut genôch wêze om yn begroeven te wurden, mar doe paste ik noch kreas op ‘e efterbank.
Dan draaiden wy út ‘e buorren wei de âlde Middelseedyk op, dy’t it nijlân skiedt fan it Stienzer âldlân, en dan wie it plankgas.
No ja, plankgas? It wol my oan dat it nea hurder gong as in kilometerke of fyftich. En dat gong ús beppe jit fierstente mâl: ‘Toe, ju, net sa hurd. Sa sjucht men ommers neat. Ryd ris wat stadiger! Moatst dêr ris sjen, Keimpe … sa’n alderleafst spultsje!’
It sil my nea ferjitte dat wy ris earne troch de buorren keutelen – lit ús sizze Sint Jabik – en dat in man dy’t syn dafke stie te himmeljen, mei de wiete en skomjende spûns noch yn ‘e hân him eangstich mei de lea tsjin syn wein oan drukte en meitsje him lyts om de ûnferwachte foarbygonger rom paad te jaan.
– Och heden, man, gnyske ús pake sa drûch as in pûn moal, wês mar net benaud, hear … Keimpe sit efter it stjoer.
Ik wie slop. Ik bin jitte slop.
Hè ju, wat wie de wrâld sljucht en it libben oersichtlik, by pake en beppe útfanhûs en efteryn pake syn wein!
1 reactie
[…] L6es fierder by Jaap Slager […]