Overdreven

  • HPIM1990a

Goeie!
My is frege en skriuw in kollum foar It Nijs op de foarste sneon fan ’e moanne. Dy soe dan yn it plak komme fan dy fan Simone Djurrema, dy’t alle moannen út Sweden wei skreau.
It like de redaksje wol nijsgjirrich hoe’t der út Súd-Jeropa wei tsjin it wrâldbarren oansjoen wurdt. En dizze man hat tweintich jier tebek de fuotten ûnder ien tek stutsen by in Portugeesk wyfke yn de Alentejo.
Ik soe winliks in slinger om ’e wrâld meitsje op it sylboat dat ik foar dy gelegenheid oantúgd hie, mar ja… ‘slûge soe ek,’ plichte ús mem te sizzen, ‘mar hy stoar earder.’

Sjuch, no binn’ wy fuort al by de boarne fan dizze eamelerij. Want ús mem haw ik it oan te tankjen dat ik it Frysk myn memmetaal neame mei.
Watsei?
Ja, it is net oars. Lit ús mar sizze, dat lot treft de bêsten, no?
Mar goed, it bern wie der, it moast rêden wurde…

De widze fan dut bern stie yn Mantgum. Mar doe’t ik kwealk rinne koe, teach ik al om utens. Us Nynke, dy’t trije jier âlder is as ik, ús Keimpe, trije jier jonger en doe krekt hikke, en ús âldelju woene fansels ek mei, dat… no, fuort dan mar wer. Ik stelde wol it betingst dat wy Frysk praten bliuwe soene.
Sûnt kaam ik allinnich noch yn it heitelân as ik te útfanhûzjen gong by ús pake en beppe yn Stiens.

Nuver is dat winliks, dat men misgean fan eat hat, as it der net mear is. Soks heart men mear: men fielt earst de wearde fan eat hoenear’t men it ferlern hat.
‘C’est la condition humaine,’ sizze ús buorlju.
Hin?
Nee. Poepen!
Mar sûnder gekheid, doe’t ús âldelju en harren âldelju út ’e tiid wiene, prate ik gjin Frysk mear. En earst doe begriep ik wat in grut part jins memmetaal fan jins wêzen ynhat.
No, lei ik by mysels oer, dan mar mei mysels jeuzelje. Oars sein, Frysk skriuwe.

Jaap syn Frysk is âldfrinzich, sizze guon.
Ja, dat kin útkomme as men it leard hat fan jins âldelju. Benammen ús beppe Gatske wie wakker krekt op ’e knikkert as it op geef Frysk oankaam. En ús pake Keimpe Piters Dykstra wie neiteam fan Waling Dykstra. Dat ik sil ek noch in gen fan ús Waling-om yn ’e bealch hawwe, tink.
En Jaap is sa grutsk as in paap as er in geef Frysk wurd foar eat fynt. Guon wurde dêr lilk om. Lêsten wie der ien dy’t my skreau: Mar dêr is ommers in goed Hollânsk wurd foar.
Jin net om sokke lju feroarje is it bêste, wol my oan. Ik leau dat ik it noch efkes besocht haw mei: Mar ik skreau op dat stuit ommers Frysk, of… bin ik dêr mis mei. Hy andere: Ja, dat wie dan wol sa, mar likegoed wie it overdreven – net oerdreaun, mar… overdreven.

Moat ik myn frij tenei beheine litte fan sokke lju? Of is dat ek wer wat… overdreven.

Dit vind je misschien ook leuk...