Osmoazes


The BeeDees (Bloomberg, Biden, Buttigieg & Bernie)
It ferwyt fan Bloomberg oan Bernie, dat er as kommunist gjin skop foar de kloaten wurdich is om´t er sels miljonêr is, rekket fansels igge noch seam. Is it ommers net just in teken dat er stiif yn ´e ankels stiet, as er mei al dy fuorring yn syn baitsje trou bliuwt oan syn prinsipes? En is it net just in teken dat der goede grûnen yn Bernie sitte, as er sizzen bliuwt dat rikelju mear belestings betelje moatte en lit de mienskip meinimme fan wat se efter it linnen hawwe? Dat makket him just ta in keardel út ien stik!
Nee, kommunisten dy´t alles nei evenredigens mei in oar ferpartsje wolle salang´t se sels gjin sint op ´e melis hawwe en ynienen neat mear fan in oar witte wolle sadree´t se der alhiel op kommen binne, DY binne gjin skop foar de kloaten wurdich. DAT binne opportunisten!

Dy Bloomberg is net richtich, ju!

Mynhear B
En dat immen dy´t presidint fan Amearika wurde wol soks net snapt, jout wol oan hoe´t dat offysje devaluearre is. Watte? De measte dimmekraten kinne myn riddenaasje hjirboppe net iens neikomme. Hja witte glêdwei net wat der op it heden te rêden is. Hja begripe net dat de tiid foarby is, dat men mei al jins krêft en kinnen krewearre en besykje de realiteit oan te passen oan in idee – oan in stikmannich prinsipes. Wy hawwe no lokkigernôch troch, dat it folle lichter is en pas jins idee (jins prinsipes) allegeduerigen oan oan ´e realiteit. Men moat sa fier is ´t hinne alles foar dy lju mei spjelde en nulle bestekk…
Watsjo?
No, dat haw ik eins net oan tiid! Ik sit oan kop en earen ta yn it labeur, sjuch…
No, fuort dan mar! Mar wol de kop derby, want ik fertel it net twaris!
Moai!

Stel, wy binne mynhear B (mynhear B, om´t mynhear A wat tefolle ear is)! En mynhear B wol de macht, likefolle op hokker wize…

Gebod 1: Feek
Wy roppe wat de lju hearre wolle!
Hoe´t men witte kin wat hja hearre wolle? No, dêr binne de “sosjale” media foar yninoar flânze, no! Lju dy´t troch de wei fan harren side opkomme foar diererjuchten, sizze wy tsjin: “As ik it foar it sizzen krij, komme alle dierebeulen op ´e brânsteapel.” Idioaten dy´t allegeduerigen famyljefoto´s fan leech-by-de-grûn-fretten ferspriede, roppe wy tsjin: “Soal al dy feganisten op ´e barbekjû, blinder!”

En sjoernalje, dat ús tsjinstridigens op ´e lea plakke wol, wiuwe wy wei mei “Feek njûs!”  

Gebod 2: De brede wei
Witte jimme noch mei hokker wearden wy opgroeid binne? Bygelyks, dat men pas in echte keardel is wannear´t men tajaan kin dat men fout west hat, en dat it fan wiere gruttens tsjûget as men jins ûntskuldigings oanbiedt – sels en fral, as men sels net fout west hat? Ja, hawwe wy dat? No, dat hoege wy allinnich mar 180 graden om te draaien en wy binne de moderne tiid treast: Nea of te ninter tajaan dat men fout west hat!
Moai, net! Sa ienfâldich is it no.
Jawis, wy hiene allegearre al ris oanstriid en kies foar de brede wei. Mar, dan wie dêr heit of mem – of pake of beppe, of in oarenien fan kwizekwânsje – dy´t ús mei “sêfte” hân de fysten fan it gat jage.

Mar no is it dan lokkigernôch safier dat wy om God noch gebod jaan hoege. Sterker noch, wy hoege de stiennen tafels allinnich mar om te kearen.

Gebod 3: Gryp dyn neiste syn wiif by the pussy
No´t wy it dochs oer de tsien geboaden hawwe… wy kinne dy allegearre dus 180 graden omkeare…
Earje jim âldelju net! Om krekt te wezen, haw skyt oan alle minskebern!  
Do silst deaslaan! Better jit, deaslaan litte – al sa maklik.
Do silst troubrekke! En de slachtoffers in NDA (non-disclosure agreement) tekenje litte.
Do silst stelle! En fral gjin bien derom feroarje.
Do silst tsjin alleman falsk tsjûgenis sprekke, of twitterje of sawathinne.
Do silst begeare dyn (swarte) neiste syn (wite) hûs, syn wiif, syn feint, syn faam, syn okse, syn wein, syn eare, syn oansjen…

Hawar, mynhear B hat wol byld no, tink!

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. februari 25, 2020

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]