Opstigings
Warskôging:
Dy’t net witte (wolle) wat de driuwende krêft efter it bestean is (of net oer ûnfoech praat kinne) , moatte net fierder lêze.
Jim binne warskôge!
– Mem?
– Ja, leave.
– Wêrom hat mem ballonnen?
– Wat, leave? Wat bedoelste … o, dy? O, dat … eh, binne luchtballonnen. Begrypste?
– Wêr binne dy foar, mem?
– Ja, wêr binne dy ek mar wer foar? No … eh, dy binne … it is sjesa, leave, as mem letter dea is … no noch net, hear … haw mar gjin noed … dat duorret noch in hiel skoft … mar dan … as mem dan dea is … dan blaze dy luchtballonnen op en dan … dan stiicht mem op … nei God yn ‘e himel. Begrypste?
– Ik begyp it, mem.
Efkes letter …
– Mem?
– Ja, leave.
– Muoike Jeltsje wol stomme graach nei de himel, tink?
– Muoike Jel ….?
Dat aaklik fel, woe se der efteroan sizze, mar hja bedimme har en frege duldich:
– Hoesa dat, leave?
– No, heit siet niis har luchtballonnen op te blazen efter it hok en hja hime fan: O, myn leave God, ik kom!
– DAU-WE!!!
Oan Dawed Jaan!
Wii jauwe Dauwe de sculd!
Yelltsje-Muoi.