Op ’t krewei yn Bochum
Jimme witte — as it goed is — dat de titel fan dut stikje wat in dûbelde betsjutting hat. Dat haw ik mei opset sin dien. Dat sil ik hjirûnder besykje út te lizzen.
Juster seach ik by de NOS-berjuchten in artikel ûnder de titel ‘Na jaren zoeken vond Tiny haar overleden vader dankzij een dna-match’. Doe’t ik it oanklikt hie, bleau my it each heakjen by de sin ‘Tiny was nog geen jaar oud toen haar vader overleed in Kamp Amersfoort, nadat hij als dwangarbeider in Duitsland te werk was gesteld’, en dan benammen by it bynwurd ‘nadat’.
Ik sei by mysels: ‘It sil dochs net sa wêze, hin!‘
Sjuch, dat jonges dy’t yn ’e besettingstiid oppakt waarden, yn Kamp Amersfoart telâne kamen, dat wist ik. Hoe’t soks om en ta gean koe, haw ik beskreaun yn myn stikje fan 21 novimber 2017 Alde Keimpe. Wêrom’t ik ús heit doe de namme jûn haw fan ús pake, Keimpe Piters Dykstra, dat wit ik net mear. Mar it stikje gong dus oer de ûnderfinings fan ús heit, Jan Cornelis Slager, dy´t ûnderdûkt wie yn Tsjummearum om oan de Arbeitseinsatz te ûntkommen, dêre by in razzia oppakt waard en op transport set nei it PDA.
De D yn de namme Polizeiliches Durchgangslager Amersfoort betsjutte dat de jonges dy’t dêr sieten, taret waarden om nei wurkkampen trochstjoerd te wurden, meast yn Dútslân. Dat dêr ek wolris in jonge bedarre dy’t al yn Dútslân sitten hie en útnaaid wie, wit ik fan ús heit.
Hy kaam dêr ien te reden dy’t ferhelle oer syn Arbeitseinsatz yn Bochum, ‘in daalders plakje’ op in gerniersbedriuw.
‘Wêrom bist dêr dan útfeegd, ju,’ woe ús heit witte, ‘as dat sa’n gaadlik stee wie?’
No, der wie wat foarfallen tusken him en de dochter fan ’e túnder; dat lêstneamde hie ree west en prip syn Hollânske twangarbeider oan ’e kommesel.
‘En wurdst no aansens weromstjoerd nei dyselde túnderij?’
‘Bist raar? Oer myn lyk! It is dêr hui! Ik hâld my de bek wol oer wêr’t ik sitten haw! De man fermoardet my at er my sjucht!’
Us heit krige it adres.
Doe’t der wer in transport nei Dútslân wie, pesjantele ús heit nei it poartegebouke. De Dútske offisieren, dy’t mienden dat se de put derút hiene en noch wat stiene nei te praten, draaiden har om doe’t Jan Cornelis foar it leket ferskynde: ‘Na, was willst du denn?’
‘Ich möchte zurück zu meiner Werkstatt, bei Peter Bingen in Bochum‘, andere ús heit sa drûch as in pûn moal.
‘Sa’n gesoademiter,’ like de man efter it leket by himsels te foeterjen, ‘mient men klear te wêzen, is der ien op ’e lette. No, fuort dan mar!’
Hy sette in stimpel en blafte: ‘Einsteigen!’
Recente reacties