Op hope fan hope
Ik wit net wêr´t dat byld krekt weikomt – oft it katelyk is of kalvinistysk, bedoel ik, of allebeide – it byld fan in persoan mei in ingeltsje op it iene skouder en in duveltsje op it oare. Wêr´t it op delkomt, is dat it duveltsje it reptilebrein oanblaast – it op oerlibjen rjuchte ynstinkt fan “ikke, ikke, ikke en de rest kin om my stikke!” – en it ingeltsje it minsklike brein fertsjintwurdiget, de neokorteks. It ingeltsje treastget oan ta ridlikens: “Ja, ik begryp dyn earste reaksje wol, hear, mar… moat dat no sa? Wy binne op ´e wrâld en help inoar ommers. Toe ju, it ferstân foarop no!”
Wat it byld oantsjutte wol, is dat it duveltsje net de oarsaak fan it kwea is, sa´t guon ús leauwe litte wolle, de tsjoedens sit fan ´e miet ôf al yn ús – lykas de goedens.
Ferfang no dy persoan troch Uncle Sam en set Obama op it iene skouder en Trump op it oare. No meie jim der in slach nei slaan, wa fan beide figuerkes it reptilebrein oanblaast.
Wat ik dêr mar mei sizze wol, Trump is net de oarsaak fan it kwea, sa´t guon ús leauwe litte wolle, dy tsjoedens siet altyd al yn Sam-om. Lykas de goedens nammers. Dat lêste krige ik okkerdeis foar de fernullen…
Om dat út te lizzen, moat ik earst in skoftke tebek…
Ik haw nea sa nayf west en haw de tsjoedens fan it minskdom net yn ´e smiis, hear, mar ik hie in ûnferwrichber leauwe dat it goed komme soe, dat de goedens it lang om let winne soe. As wy ús ein mar net slûpe lieten!
Dat leauwe, dat betrouwen, krige in djippe dûk yn 2016. Blinder, wy buorkje efterút! Of nee, it wie slimmer, ik wie myn hoop kwyt. En wêr bedarret de neisteleafde, as der gjin hoop en leauwe mear is? Hoe sizze se soks ek mar wer? Moed ferlern, in bulte ferlern. Mar hope ferlern, al ferlern!
Om koart te kriemen – neam my in suertsje om mij – mar dizze jonge siet sûnt wat yn ´e lytse loege, geastlik. Alle kearen as der in grutte Amerikaan ferstoar dy´t in libben lang wrotten hie foar in bettere wrâld, tocht my ûnwollens: Wat in sneue bak is dat en reitsje krekt wei ûnder sa´n Piter Aldehou as presidint.
Dom praat fan my fansels, mar ik hie begrutsjen mei dy lju. En de ûntjouwingen yn ´e Jeropeeske Uny en dêrbûten (Erdogan, Duterte, Bolsonaro, Putin, Xi ensfh.) droegen net earlik by ta myn ferwin. En dat bleau sa, oant ferline wike…
Der hie sjitterij west yn El Paso yn Teksas – withoefolle lju kroandea!
Wêrom?
In simpele ju mei in godkompleks dy´t harke hie nei de `crocodile-in-chief´, skeat in automatysk wapen leech op lytse bern en har âldelju dy´t te merke gongen.
Ja, hear ik jo sizzen, dat ha wy alle wiken wol in kear, yn ´e Feriene Steaten.
Dat is wol sa, mar wêr´t ik diskear einefel fan krige… of leaver, de grize rûn my oer de grouwe… Noch gjin twa dagen nei de sjitterij seine sibben fan guon slachtoffers foar it tillefyzje: Wy skinke de dieder ferjouwing!
Gòòòdfergemy! Wêr komt soks wei? Wat in grutte minsken! Folle grutter as ik ea west haw en wêze sil!
In striel sinneljocht spliet myn (k)âld hert op. Ik begriep op slach… der is jit hoop!
Foàr âlle Dudelikens, bêste lêzer, leaser,
Jaap is mear âs 2 m en 200 poen poun.
Greoter âs AT Pier ea west hat iin 1520.
Wher’t ’t bield way comt of up dell comt.
De cop der foàr of ’t forstân wer up null.
Goed en tsjoed, – Sinte Claas en Swarte
Piit ig gjin Frieske tradiisje. ’n RK biskop
VoGod if Fôd Ad Vocat Lawn Heärre èn
Duvel if Faut, mey keätling loss uut Hell
Sahell, Tropen, Niger ’n rivier & Nigearje.
Surt, Swart, Sefard, ’n Wahn, uut Egypte,
as Lucifer, L. Mulciber – uut Mûspelhiem
iin Niilfear o’er Ginnegap Middellawnske
See, by Byzântium-Constântinopolis (…)
By Zand-Santpoàrte, Geau, Gähne-Gäp,
See-gât, Melucifer, Mehercle, Mephisto
Union Jäck Crow, Uncle Samuël, Bible
Jewish prophet, preester-kening, biskop
Wha is stoarn iin 2016? Whêre om dât yier?
’n Jaap makkest nèt sûnder swörd, Griiksk
makella-machaira uus Hûleboerd-makeler.
Slachter’s mess-er, t’mier, meat-sax? dolk.
‘n(!) Simpele juH, joch-ie, skeat werom?
De greote kristen-minsken iin Texas
foryowe him, oar’s baarnt er iin ‘e
Dell of Hell, dêr’t hje iin liowe …
What ’n Jaap extreem-rioght’s makket,
Wii, fen fon Don Trump, have reptile-brainen,
Hi hat, âs Apen fon yonges, ’n mammalia-brain
fon fuorbeasten, sûchdieren, mey ’n néocortexas.
Slaghters binne yét nèt yém pathologe anatomen.
Hahaha!
3 r’s ha’ ig gjin ântwörd up miin freegjen nei “2016” by di.
Wii havve âlleyeärre ’n reptile-brain mei ’n neye cortexas.
Uutsain dân leegh-hollen.