Op eigen manneboet
De switkobbels dripten op it knoppeboerd, want Dauwe hong withoefier oer it stjoer fan ‘e auto. Hy wie al te let foar de gearkomste, mar koe net in parkearplak fine al wie it noch sa. Want alle kearen as er miende in gaadlik plakje fûn te hawwen, wie in oare weibrûker him foar — it wie oft de duvel der mei spile. Dy tins brocht him op in idee …
– O Hear, preuvele er, as Jo my in parkearplakje begûchelje, dan gean ik tenei alle sneinen nei tsjerke en sil ik op Facebook net ien mear ferbetterje dy’t neat leare wol.
Hommels iepene him as troch wûnderkrêft in plakje lyk foar him.
– Lit mar gewurde, Hear, sei Dauwe, ik haw al ien fûn!
‘N TITEL FON BOOK of ARTIKEL.
’n – stiét iin Wördbook ûnder N èn by in.
’n Drocke day …
’n Minske sin is ’n ménske libben.
’t Is oar’s.
’t Knopke-boerd, Tootsie-boerd.
Op Eine-eigen ban & boet. Mân?
Oft de duvel der mei boàrte? spiilje.
Sweat-cobble-pebble-stones, way-brooker.
Hommel’s, wûnder-cräft w-oniro-mantie.
Is knopboerd gjin Frysk foar it Hollânske ‘dashboard’, Dauwe?
Doe’t hy wer werom kaam seach er pas it boardsje mei ‘útslutend foar laden elektryske reau’ en de bon efter de rútenwisker.
Laket der dêr immen?
Woehaaaaa!! Ikke wol, Meindert! In útbrommer fan hegerhân, hahaha!